Lúkswâlde

Lúkswâld is in lyts doarp yn de gemeente Opsterlân. It is ûntstien doe't minsken it fean yn it gebiet weihalen. It doarp hat huzen en pleatsen lâns trije diken: de Hegedyk, de Alde Leane en de Lúkster Heawei.

Mear witte?

Nim dan in kijkje op de webside fan Lúkswâld?

Gean nei luxwoude.net 

Kij yn it lân yn Lúkswâld

Lizzing fan Lúkswâld

Lúkswâld leit yn it westen fan de gemeente Opsterlân, yn in gebiet dêr't eartiids fean ôfgroeven waard. It doarp leit tichtby de sneldyk A7, tusken Gordyk en It Hearrenfean, en is berikber fanút De Tynje, Gordyk en Tsjalbert.

Lytste doarp fan Opsterlân

Lang ferlyn wie Lúkswâld it lytste doarp yn Opsterlân. Der wennen mar tsien minsken dy't stimrjocht hiene. Yn 1749 wiene der noch mar trije húshâldings yn it doarp. Letter, oan 'e ein fan de 18e iuw, kamen der mear minsken wenjen troch it wurk yn de turfwinning.

Gjin eigen tsjerke

Lúkswâld hat nea in tsjerke hân. Yn de 16e iuw giene de ynwenners nei de tsjerke yn Gersleat, in doarp yn de buert.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân