Meldpunt fermoeden fan fraude mei bystânútkearing
Útkearingen binne bedoeld foar minsken dy't der rjocht op hawwe. Hâldt immen him net oan de regels, dan kin dit útkearingsfraude wêze. Tinke jo dat immen fraude pleegt mei syn of har útkearing? Meld dit dan by de gemeente. Dit kin ek anonime. Jo krije gjin berjocht oer it ûndersyk fanwege de privacy fan de belutsenen.
Wat is fraude?
Fraude is it opsetlik jaan fan ûnjuste ynformaasje of it ferzwijen fan saken om in útkearing te krijen of te behâlden. Inkele foarbylden fan fraude:
- Net opjaan fan (ekstra) ynkomsten, lykas fan swart wurk.
- Net melde fan besit of sparjild, ek yn it bûtenlân.
- Ynskreaun stean op in adres dêr't men net echt wennet.
Hoe kinne jo in melding dwaan?
Jo kinne jo melding anonym dwaan. Dit betsjut dat jo gjin persoanlike gegevens hoege efter te litten, mar it mei wol. Yn dat gefal kinne wy jo skilje as wy noch fragen hawwe.
Jo kinne ek maile nei: toezichthouder.sociaaldomein@opsterland.nl.
Jou wizigingen yn jo situaasje troch
Hawwe jo sels in bystânsútkearing? Dan moatte jo feroarings yn jo situaasje trochjaan oan de gemeente. Dit jildt bygelyks as jo gearwenje, wurkje, of djoere spullen krije. As jo dit net dogge, kin dit as fraude sjoen wurde. Yn dat gefal moatte jo it tefolle ûntfongen jild werombetelje en krije jo in boete.
Gefolgen by it net trochjaan fan wizigingen
It net trochjaan fan wizigingen bringt grutte risiko's mei him mei. Wy kontrolearje strang en brûke hjirfoar ek gegevens fan de Belestingtsjinst, de Sosjale Fersekeringsbank en oare organisaasjes.
As jo wizigingen net op 'e tiid trochjouwe en dêrtroch tefolle útkearing ûntfange, moatte jo dit bedrach werombetelje. By ferkearde of ûntbrekkende ynformaasje kin dit as fraude beskôge wurde, en dan krije jo in boete. De boete bedraacht 100% fan it fraudebedrach, wêrtroch't jo it dûbele werombetelje moatte. By fraude fanôf €50.000 wurdt der oanjefte dien en moatte jo mooglik foar de strafrjochter ferskine.
