Meldpunt fermoeden soarchfraude Wmo en Jeugd

Tinke jo dat soarchjild ferkeard brûkt wurdt? Bygelyks dat immen in persoonsbûn budzjet (PGB) kriget sûnder dat hy of sy dit echt nedich hat? Of dat immen net de soarch kriget dêr't wol foar betelle wurdt? Meld dit dan. Jo kinne ek anonym melde. De gemeente sil jo melding dan ûndersykje.

Wat kinne jo melde

Jild foar soarch moat ek oan soarch bestege wurde. De gemeente wol witte oft dit goed bart. Ek as jo allinnich in fermoeden hawwe dat der wat net kloppet, is it wichtich om dit troch te jaan. 

Foarbylden fan wat jo melde kinne binne:

  • soarch betelje litte sûnder dat der soarch levere is.
  • soarch leverje troch ûndeskundich personiel.
  • jild foar mear of oare soarch betelje litte dan levere is.
  • mear soarch oanfreegje dan nedich is.
  • jild foar soarch freegje dy't al op in oare manier betelle wurdt.
  • soarch bliuwe leverje (en deklarearje) wylst dat net mear nedich is.
  • minder (goede) soarch leverje dan nedich is.
  • in administraasje dy't net op oarder is.
  • it ûnearlik wêze oer in situaasje, sadat der ûnrjochtlik jild of soarch deklarearre wurde kin.
  • oanleverjen fan ferfalske of betochte ynformaasje, ûnjuste foarstelling fan saken of DigiD-misbrûk.
  • de persoan dy't soarch nedich hat, makket misbrûk fan foarsjenningen.

Tinke jo dat wat net hielendal yn 'e heak is?

De animaasje oer soarchfraude fan de VNG lit sjen wat jo dwaan kinne.

Hoe kinne jo in melding dwaan?

Jo kinne jo melding anonym dwaan. Dit betsjut dat jo gjin persoanlike gegevens hoege efter te litten, mar it mei wol. Yn dat gefal kinne wy jo skilje as wy noch fragen hawwe. 

Fraude melde

Jo kinne ek maile nei: toezichthouder.sociaaldomein@opsterland.nl.

Hawwe jo fûn wat jo sochten?