Miljeustraat en Bringpunt Griene ôffal
By de Miljeustraat (stoart) kinne jo ûnder oare grof ôffal, lyts gemysk ôffal, grûn, EPS/piepskom en asbest bringe. By it Bringpunt Griene ôffal kinne jo allinnich túnôffal bringe.
Recyclingsintrum De Gordyk
Besjoch de aktuele iepeningstiden fan de Miljeustraat.
Iepentiden fan it recyclingsintrum De Gordyk
Lês de regels foar it bringen fan ôffal nei de Miljeustraat op de webside fan Omrin.

Recyclingsintrum De Gordyk
Op de Miljeustraat kinne jo grof ôffal, grutte hoemannichten ôffal, túnôffal, gemysk ôffal, asbest, EPS/piepskom en/of ôffal fan gebrûksguod bringe. It PMD-ôffal mei oerigens ek yn de grize sortibak. Fia neiskieding hellet Omrin dêrnei de keunststoffen en oare grûnstoffen derút.
Adres
Wetterwille 3
8401 GB De Gordyk
Telefoan 0900 210 0215
Bringpunt Griene ôffal Oerterp
By it Bringpunt Griene ôffal kinne jo túnôffal bringe.
Adres
Mounleane 12
9247 CW OERTERP
Iepeningstiden
Besjoch de 'Jierkalinder iepenstelling Bringpunt Griene ôffal Oerterp'. It Bringpunt Griene ôffal is op dizze dagen iepen fan 9.00 oant 12.45 oere.
In dokumint downloade en iepenje
Jo kinne in pdf-bestân iepenje yn ferskate PDF-lêzers, lykas Adobe Reader.
Regels foar it bringen fan túnôffal
- Allinnich ynwenners fan Opsterlân kinne griene ôffal bringe (legitimaasje ferplicht).
- Jo kinne allinnich túnôffal bringe, lykas tûken en gers. Bring beamstammen en stobben nei it Recyclingsintrum yn De Gordyk .
- Jo kinne allinnich túnôffal bringe mei persoanenauto's of persoanenauto's mei in laadflier of oanhinger fan maksimaal 4 meter. Lytser ferfier is fansels ek tastien.
