Militêre oefeningen yn en om Opsterlân
Definsje oefenet geregeldwei om har taken effektyf en feilich út te fieren. Neist oefeningen op militêr terrein oefenje soldaten ek yn befolke gebieten. Op dizze wize meitsje se har klear foar situaasjes dêr't ynset yn befolke gebieten needsaaklik is. Yn 'e perioaden fan wike 36 oant en mei wike 41 en wike 43 oant en mei wike 45 (septimber oant en mei novimber 2026) sil in militêre oefening plakfine yn en om 'e gemeente Opsterlân.
Wat hâldt de oefening yn?
De oefening wurdt útfierd troch in ienheid fan it 43e Brigade Ferkenningssquadron. Dizze training makket diel út fan it trainingsprogramma om ferkenningsmissys út te fieren, sawol te foet as mei auto's.
Oantal soldaten: 20 minsken
Auto's: 12 auto's (Fennek en Volkswagen Amarok)
Fanút de kazerne yn Havelte beweecht de ienheid him troch it gebiet fia de oanwiisde haadrûtes. Underweis stopje de soldaten op ferskate lokaasjes om krúspunten en brêgen te foet te ynspektearjen. Dêrnei geane se werom nei de auto's en sette se har reis fierder. Oan 'e ein fan 'e dei beweecht de ienheid him werom nei de kazerne yn Havelte.

Oerlêst, feiligens en skea
Ferkear wurdt net beynfloede troch de oefening.
Der wurdt gjin (oefen)munysje brûkt tidens de oefening.
De ienheid docht alle war om oerlêst en steuring foar tredden te foarkommen.
Mocht de militêre oefening nettsjinsteande de foarsoarchsmaatregels oerlêst of skea feroarsaakje, dan kinne jo mear ynformaasje fine oer de klachten- en skeaclaimproseduere op 'e webside fan Definsje: www.defensie.nl/onderwerpen/klachten-en-schadeclaims .
Oefenings- en oersjochkaart foar auto's
Mear nijs