Natuerfreonlik isolearje: wat is it en wêr moatte jo op letten?
Isoleren is de earste stap nei ferduraasjem. It ferleget de enerzjyrekken en ferheget it wenkomfort. Mar wisten jo dat troch it isolearjen fan spoumuorren en dakken geregeld fûgels of flearmûzen fersteurd of deade wurde? Soarten dy't wy yn ús doarpen hurd nedich hawwe, mar no hieltyd seldsumer wurde.

De gemeente Opsterlân wurket dêrom oan in Soartemanagementplan (SMP). Dit plan makket it mooglik om jo wenning te isolearjen sûnder dat jo beskerme bisten fersteure.
Wat feroaret der mei it SMP?
Normaalwei moat de spoumuorre earst kontrolearre wurde op de oanwêzigens fan bisten lykas flearmûzen. As dy oanwêzich binne, binne jo ferplichte om in ekologysk ûndersyk dwaan te litten en in ûntheffing oan te freegjen by de provinsje. Dit is neffens de regels fan de Omgevingswet. Dat kostet tiid en jild.
As gemeente dogge wy foar al ús wenkearnen yn ien kear dit ekologysk ûndersyk. Dêrtroch is in apart ûndersyk en in ûntheffing per wenning net mear nedich, salang't jo foldogge oan de betingsten. Dit kin per húshâlden wol €6.000,- skeelje. Wêr't jo jo oan hâlde moatte, lêze jo hjirûnder.
De gemeente Opsterlân ferwachtet fan 2026 ôf offisjeel in SMP te hawwen. Oant dy tiid jildt it saneamde ‘pre-SMP’. Hjir oer lêze jo mear ûnder it kopke ‘Planning: koarte en middellange termyn.’
Betingsten foar natuerfreonlik isolearjen
Utfleanmooglikheden foar flearmûzen
Foarôfgeand oan de isolaasje wurde spesjale ‘flappen’ pleatst foar skuorren en gatten yn de gevel. Sa kinne flearmûzen noch wol nei bûten, mar net mear werom nei binnen. Dit hjit 'natuerfrij meitsje' en foarkomt dat bisten deade wurde by it isolearjen.
Romte foar bisten behâlde
Der bliuwt altyd in lytse romte yn de spou frij foar flearmûzen (lokale kompensaasje). Wêr nedich wurdt ek rekken holden mei hûsmûzen en gierzwaluwen. It isolaasjebedriuw lit bygelyks in diel fan de nok frij fan isolaasjemateriaal. Dit hat gjin negative ynfloed op de isolaasjewearde en feroarsaket gjin kâldbrêgen of fochttrochslach.
Wurkje neffens de natuerkalinder
Der wurdt net isolearre yn de kraam- en briedperioade (1 april – 31 july) en de wintersliep (1 novimber – heal maart). Is jo wenning fóár dizze perioades al natuerfrij makke, dan kinne jo wol yn de kraam- en briedperioade isolearje.
Wêrom is dit wichtich?
De beskerming fan flearmûzen, hûsmûzen, gierzwaluwen en oare soarten is fêstlein yn it Beslút Kwaliteit Leefomgeving fan de Omgevingswet. Dizze bisten libje faak yn spoumuorren en ûnder dakken. As wenningeigner hawwe jo in soarchplicht en moatte jo rekken hâlde mei harren beskerming.
De OWO-gemeenten (Opsterlân, Weststellingwerf en Eaststellingwerf) hongen tegearre mear as 60 flearmûzekasten op. Yn Opsterlân binne der 21 kasten pleatst. Hjirmei kompensearje wy it ferlies fan kraamferbliuwen troch isolaasjemaatregels. Flearmûzen binne ekstra kwetsber om't se mar ien jong per jier krije. Boppedat binne se nuttich: se ite in soad ynsekten.
De kasten binne pleatst op gemeentlik- en maatskiplik fêstguod en op wenningen.
Pre-SMP en SMP
Om natuervrûnlik isolearjen ienfâldiger en goedkeaper te meitsjen, wurkje wy gear mei Eaststellingwerf en Weststellingwerf oan in Soartemanagementplan. Hjiryn stiet hokker beskerme soarten der binne, wêr't se libje en hoe't wy harren leefgebiet beskermje. De gemeente freget foar alle kearnen in ûntheffing oan by de provinsje Fryslân.
De ûntwikkeling fan it SMP duorret 1,5 oant 2 jier. Yn de tuskentiid hawwe wy in pre-SMP ûntheffing krigen. Dêrmei kinne jo al fêst ûnder betingsten fan it SMP begjinne mei isolearjen sûnder dat per wenning in apart ûndersyk of ûntheffing nedich is.
Wy binne al úteinset mei ekologysk ûndersyk nei de boude omjouwing. Ek hawwe wy soarge foar nije ferbliuwplakken foar flearmûzen, hûsmûzen en gierzwaluwen. Om't wy dit dien hawwe, jildt it pre-SMP.
Sadree't it ekologysk ûndersyk hielendal ôfrûne is, freegje wy it SMP oan by de provinsje Fryslân. Wy ferwachtsje dat dit ein 2025 is.
Wenje jo yn it bûtengebiet?
Wenje jo yn it bûtengebiet en wolle jo jo spoumuorre of dak isolearje? Hâld dan rekken mei in yndividueel ekologysk ûndersyk en in ûntheffingsoanfraach. It SMP jildt allinnich foar de beboude kom fan de gemeente.
Bedriuwen dy't natuerfreonlik isolearje, fine jo op www.natuurvriendelijkisoleren.nl. Dizze bedriuwen hawwe in spesjale training folge en witte hoe't se rekken hâlde moatte mei beskerme bisten. Sy kinne yn de spesjale applikaasje ek sjen oft jo binnen de beboude kom falle.
