Nije sitting Gemeentlik Stimburo op 5 novimber
Moarn (woansdei 5 novimber) hâldt it Gemeentlik Stimburo fan Opsterlân in hertelling. It giet om de telling fan list 2 (GL/PvdA) fan stimburo 8 Himrik. De Kiesried ferwachtet dat der stimmen by in ferkearde kandidaat binnen dizze list yn it proses-ferbaal opnommen binne.
It Gemeentlik Stimburo sil om 12.00 oere de stimmen kontrolearje. De sitting is op it gemeentehûs yn Beetsterzwaag en is iepenbier.
Mear ynformaasje
