Noflik kennis te meitsjen!

Dit is in âld berjocht.

Jo hawwe in útnûging krigen foar de feestlike gearkomste op 2 july 2022 foar nije ynwenners fan de gemeente Opsterlân. Wy hjitte jo dan fan herte wolkom en meitsje graach kennis mei jo. It kin wêze dat jo al in skoftke yn Opsterlân wenje, want troch de koronamaatregels koene wy jo spitigernôch net earder útnûgje.

No kin dat wol en binne jo op 2 july wolkom fan 15.00 oant 17.00 oere yn it gemeentehûs fan Beetsterzwaag, Hoofdstraat 82. Tidens dizze gearkomste meitsje wy graach kennis mei-inoar en organisearje wy in tal rûnliedings. Oanslutend kinne jo genietsje fan wat lekkers te iten en te drinken yn de tún efter it Lycklamahûs. Wy meitsje der in feestlike middei fan en hoopje jo te moetsjen.

Oanmelde

As jo komme wolle, dan wolle wy jo freegje om jo oan te melden yn ferbân mei it beheinde tal plakken yn it gemeentehûs. As der in protte oanmeldingen binne, dan organisearje wy yn oktober fan dit jier in twadde gearkomste foar nije ynwenners.
 

Oanmelde kin oant 28 juny 2022 fia ûndersteand digitaal formulier

Meld jo oan foar de gearkomste*

*De gegevens dy't jo ynfolje yn it formulier wurde allinnich brûkt foar dizze gearkomste en sille net opslein of foar oare doelen brûkt wurde.

Túnfeest

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân