Útnoeging: gearkomst nije ynwenners
Wat moai dat jo yn de gemeente Opsterlân wenjen kommen binne! Wy noegje jo út foar ús gearkomst foar nije ynwenners op sneon 4 oktober 2025.
Op dizze middei moetsje jo oare nije ynwenners. Ek fertelle wy graach mear oer ús moaie gemeente.
Jo krije in rûnlieding troch it Lycklamahûs en de riedsseal. Yn de riedsseal meitsje jo kennis mei de gemeenteried. Sa komme jo yn de rin fan de dei bygelyks mear te witten oer it libben fan in riedslid yn Opsterlân. Ek is der in gesellige ynformaasjemerk, dêr't wy sjen litte wat Opsterlân te bieden hat. Dit alles ûnder it genot fan in hapke en in drankje.
Ta beslút leit der in moai wolkomspakket mei streekprodukten foar jo klear.
Ek bern binne fan herte wolkom. Der is in knutselhoeke, dêr't se harren eigen amtskeatling meitsje kinne. Fansels mei dizze mei nei hûs!
Mear ynformaasje:
- Wannear: Sneon 4 oktober 2025
- Tiid: 15:00 – 17:00 oere
- Lokaasje: gemeentehûs Haadstrjitte 82, Beetsterzwaag
Komme jo ek del? Meld jo dan oan!
Oanmelde kin oant 1 oktober 2025 fia de ûndersteande knop.
