Nijjiersrede boargemaster Bouwman

Op dizze side kinne jo de nijjiersrede fan boargemaster Bouwman weromlêze.

Nijjierstaspraak Andries Bouwman, boargemaster gemeente Opsterlân

Mei-inoar libje!  

In jier lyn winske ik jo in lokkich nijjier. Mar is 2025 in lokkich jier west? As ik de berjochtjouwing leauwe mei, dan binne wy bliid dat wy 2025 efter ús litte kinne. De fleurigens wie fier te sykjen. Nasjonaal en ynternasjonaal wie 2025 in jier fan krisis en konflikt. In jier fan tanimmende ûnwissichheid en ôfnimmende solidariteit. 2025 waard it jier fan eigenbelang; it wie it jier fan ‘what's in it for me?’

As ik nei Opsterlân sjoch, dan sjoch ik krekt it tsjinoerstelde. Ik doar te sizzen dat 2025 yn Opsterlân in posityf jier wie! Wy hawwe dus net foar neat mei-inoar proaste. 

Der wiene prachtige inisjativen it ôfrûne jier. Wat haw ik by in soad positive en betsjuttingsfolle barrenissen yn ús moaie gemeente oanwêzich wêze mocht en wat haw ik ús sterke en hechte mienskipsin wer belibje mocht. Yn dizze tiid fan ynternasjonale spannings en nasjonaal gedoch jou ik graach in koarte blomlêzing oer de moaie dingen yn ús gemeente.

Tsjin it earste: de Tour de Odense yn Beetstersweach, wêrby't 50.000 euro ophelle waard foar it Odensehûs yn Beetstersweach. Dielnimmers oan dizze aksje hawwe yn in pear dagen in tocht fan 600 kilometer fytsend fanút Odense yn Denemarken nei Beetstersweach ôflein. Tsjin it twadde: de Loop fan Moarn yn De Gordyk, wêrby't hiel De Gordyk en omkriten yn 24 oeren mar leafst 141.213 euro ophelle hat foar KWF Kankerbestriding.

By beide barrenissen wie it ûntfangst fan de dielnimmers grutsk en bysûnder ûntlêstend. Geweldige bedraggen, geweldige inisjativen. Mar de opbringst wie folle grutter. De opbringst wie it kollektive gefoel fan mei-inoar earne foar gean, mei-inoar earne foar stean, wêrby't krekt de oar sintraal stie. Dy oar dy't konfrontearre wurdt mei kanker of demintens. 

Dat binne mominten wêrby't de klagerige 'ik', mei syn eigenbelang, syn rjochten of politike ferdieldheid, efkes net bestiet. Dit binne mominten wêrop't it libben him sjen lit sa't it bedoeld is: it besef dat it libben der allinnich ta docht as wy foar in oar libje. Dit is de kearn fan ús mienskip. Mei-inoar libje!

Mei-inoar libje diene wy ek by alle doarpsaktiviteiten en feesten dy't organisearre waarden. Wat wurdt der in protte yn ús doarpen organisearre! Troch de ynset fan ongelooflijk in protte frijwilligers is de leefberens yn ús doarpen heech. Efkes de opmerklikste barrens: yn Wynjewâlde wie in jubileumedysje mei in folle wike fol festiviteiten en in wiere optocht. Strjitten bouden mei-inoar weinen en buorlju fûnen elkoar. It wie in prachtige bonte tocht.  

Ek de Turftrappers hienen yn 2025 in jubileum. Al 44 jier soargje sy foar fermaak yn Pipegaelsgea. Mar de karnavalsferiening soarget foar mear as allinnich fermaak yn de karnavalswike: it is in feriening dy't him breed ynset foar ferskate lagen yn de mienskip. Sa bringe de Turftrappers al jierrenlang in besite oan minsken mei in ferstanlike beheining by Alliade. En as ik de Turftrappers leauwe mei dan is dit in jûn wêrop't útbundich dûnse, host en oan de polonaise gjin ein komt. Oer mei-inoar libje sprutsen!

Ik neam yn dit rychje ek de geweldige produksje fan Scrooge yn Beetsterzwaach. Mear as 300 frijwilligers makken fan Beetsterzwaach ien grut teater. En lit Scrooge no krekt it ferhaal wêze dat wy as mienskip nedich hawwe: it besef dat wy elkoar nedich hawwe om echt minske wêze te kinnen. Dat wy gjin nimmers wêze moatte mar krekt jowers. 

2025 wie ek it jier wêryn't Opsterlân betocht. Mei 16 betinkingen (allegearre organisearre troch frijwilligers), in prachtich foarmjûn lespakket en foarstelling oer Jan Eizenga, in lesbrief foar skoallen oer de wurk- en ynternearringskampen yn Himrik en Spanjeburd, in yndrukwekkende betinkingsjûn Belibje Oerterp yn oarlochstiid en in spesjale betinkingskrante hawwe wy yn Opsterlân stilstien by 80 jier befrijing. Wat meie wy gelokkich wêze dat der frede en frijheid is.

Yn myn 4 maaie-speech haw ik frede fergelike mei in beam. In beam dy't it net maklik hat en djip woartelje moat om net omwaaid te wurden. Want as in beam net woartele is, dan waait er om. En witte jo wa't dy woartels binne fan dy beam? Dat binne jo. Dat binne wy mei-inoar. Trochdat wy beseffe en net ferjitte, of ôfswakke oer wat der bard is, groeit de woartel fan de fredesbeam en komt dizze hieltyd sterker te stean en kin it stoarmen oan. Stoarmen dêr't wy no ynternasjonaal mei konfrontearre wurde.

Frede is gjin fanselssprekkendheid. Dat waard opnij dúdlik doe't wy ôfrûne jier trije kear in delegaasje út Oekraïne ûntfongen, wêrûnder de ambassadeur. Harren ferhalen fan ûnrjocht, ferlies en ûnwissichheid bliuwe hertferskuorrend.

2025 wie ek in jier wêryn't wy ús ekonomy fierder op de kaart sette mochten. Yn it foarjier fûn de ferkiezing Fryske Undernimming fan it Jier 2025 yn ús gemeente plak. In grutte happening. Mei Rinsma De Gordyk, Lauswolt, Alliade en Revalidaasje Fryslân as lokaasjes hat Opsterlân in prachtich ûndernimmend fisitekaartsje ôfjûn. Dêrneist hat it kolleezje in protte bedriuwen besykje mochten. Ik bin elke kear wer ferheard wat foar orizjinele en foarútstribjende pearels wy yn ús gemeente hawwe.

Underwilens wurdt der ek boud en begjint it wenningbouprogramma op stoom te kommen. Mei de start fan 23 wenten yn Nij Beets, 16 wenten yn Terwispel, 30 sosjale hierwenten yn De Gordyk, de start fan de bou fan 8 wenten yn Wynjewâlde en de start fan de ferkeap fan bougrûn foar wenten yn Loevestein faze 4 yn De Gordyk, bliuwe wy op koers om foar 2035 yn totaal 1000 nije wenten te realisearjen. Wenningbou bliuwt in taai dossier wêrby't in protte belangen spylje, wat it proses net altyd fersnelt. Ek hjir is it fan belang dat wy de oar foar eagen hâlde moatte.

Mar der wurde net allinnich huzen boud. Ik hie it gefoel dat De Gordyk ôfrûne jier letterlik ien grutte bouput wie. Wat in ûntwikkelingen fine dêr plak. De Gordyk set himsels echt op de kaart. Mei foar ús as hichtepunt dochs wol it iepenjen fan it prachtige nije sportkompleks Koartsweagen. In grut projekt dat in lange skiednis hat. It hat in protte ynspanning en switdrippen koste, mar wat stiet der no in profesjoneel sportkompleks mei in fantastyske útstrieling. Sportjend De Gordyk en ús topklup LDODK kinne hjir de kommende desennia gebrûk fan meitsje.

De kurk gie ek fan de flesse foar de BHS. Nei ek in lang proses kinne sy begjinne mei de bou fan in nije skoalle en bliuwt fuortset ûnderwiis yn ús gemeente garandearre. En dan sit der noch mear yn it fet foar De Gordyk. It liket derop dat yn it foarjier ek in definitive klap jûn wurdt op in prachtich ûntwerp en budzjet foar de nije Skâns.

Der barde noch folle mear moais. De weromkomst fan de midsiuwske alterstien yn Langezwaach. De flagge fan Opsterlân dy't no ek yn it Europeesk Parlemint wappert. En fansels de fenomenale prestaasje fan Femke Kok, dy't it wrâldrekord op de 500 meter ferbruts. De Winterspelen yn Milaan krije in Opsterlânsk tintsje!

2025 hie ek útdagings. It wie net allegearre geweldich. Der wie ferdieldheid. Net alle ûntwikkelingen wurde troch elkenien omearme. De sykopdracht nei in opfanglokaasje foar statushâlders hold Oerterp dwaande en soarge foar spanning. Mar ik bin grutsk en tankber dat wy yn Opsterlân it petear op fatsoenlike wize fiere. Dat is spitigernôch net oeral fanselssprekkend.

En no stiet 2026 foar de doar. Wat foar jier sil dit wurde? Wat wy wis witte is dat it in jier fan feroaring wurdt. Yn maart binne der ferkiezings. Der komt in nij kolleezje, in nij programma. Wy nimme ôfskied fan riedsleden en wethâlders en ferwolkomje aanst nije gesichten. Ik rop alle stimberjochtigen op om te stimmen. Jo bepale de koers en takomst fan ús Opsterlânske mienskip.

Yn 2026 geane wy ek fierder mei it warber meitsjen fan Opsterlân. Ik haw dêr ferline jier ek by stilstien. Wat kinne ynwenners sels dwaan as de stroom útfalt, of as der in pear dagen gjin wetter is? Gjin doemscenario's, mar realistyske risiko's. De digitale ynfrastruktuer is kwetsber. Bedrigingen nimme ta. 

Jo kenne de kampanje Tink Foarút. En hoe ljocht ik it ek besocht te bringen, mei in nepkrystbeam, in wyntsje en kattefoer, it boadskip bliuwt serieus. Dêrom gean ik opnij op doarpentoer om mei alle doarpen, doarpsplannen út te wurkjen hoe't wy de doarpen krisisbestindich meitsje.

Ik hoopje dat 2026 net sa'n posityf jier wurdt as 2025. Wy hawwe dêrfoar mei-inoar de kaai yn hannen. Want 2025 is net samar in posityf jier wurden. Dat hawwe wy mei-inoar dien. As wy libje út it besef dat wy allinnich ta folsleine bloei komme troch de oar sintraal te stellen. Troch te jaan ynstee fan te nimmen. Troch te fokusjen op ús morele plichten ynstee fan ús rjochten. Troch te soargjen foar sterke woartels en te learen fan de skiednis ynstee fan dy te ûntkennen of ôf te swakjen. Troch wierliken mei-inoar it libben foarm te jaan. Dan litte wy Opsterlân groeie en bloeie, mei hiel sterke woartels, tsjin de hjoeddeistige toan en stroom yn.

Ik winskje jo allegearre in hiel lokkich, sûn en fanút persoanlik perspektyf in segene 2026 ta.

Andries Bouwman, boargemaster gemeente Opsterlân.

Mear nijs

Mear ynformaasje?

Hawwe jo noch fragen? Gean nei de side Belestingen of 

Nim kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân