Nij Beets

Nij Beets is in jong streekdoarp, stifte troch feanarbeiders, dat ûntstie doe't de turfwinning om 1860 hinne begûn. It doarp leit op de grûn dêr't ea it âlde doarp Beets lei.

Mear witte?

Nim dan in kijkje op de webside fan Nij Beets.

Gean nei nijbeets.info

Mem mei bern sjogge fan in brêge ôf oer in sleat nei in skuorke

Foto © Marcel van Kammen

Swiere tiden foar arbeiders

De arbeiders yn Nij Beets libben en wurken eartiids ûnder hiel minne omstannichheden. Dit soarge foar in soad protesten en sosjale striid. Yn museum It Damshûs kinne jo mear leare oer dizze perioade. It museum lit sjen hoe't minsken tusken 1863 en 1920 turf makken en hoe't harren deistich libben derútseach. Jo ûntdekke ek hoe't it lânskip feroare troch de turfwinning.

It Polderhaadkanaal

Troch Nij Beets rint it Polderhaadkanaal. Dit kanaal waard yn july 2015 op 'e nij iepene. Hjirtroch kaam der wer in ferbining tusken de Turfrout en Nasjonaal Park De Âlde Feanen. Fanút It Damshûs en it Sudergemaal is mei in boattocht it gebiet te ferkennen. Ien fan de boaten, de Lytse Turfbok, is in restaurearre houten boat dy't eartiids brûkt waard om turf te ferfieren. Dizze tocht fiert fia it kanaal nei it moaie âlde diel fan it rivierke It Alddjip (Koningsdiep).

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân