Dykôfsluting Nij Beets – Geawei fanwegen reparaasjewurk oan betonplaat

Geawei oerdeis ôfsletten foar trochgeand ferkear fanwegen reparaasjewurk.

Fan tiisdei 15 septimber oant en mei freed 18 septimber en op moandei 21 septimber sil de Geawei yn Nij Beets ôfsletten wêze foar trochgeand ferkear. Op dizze dagen wurde reparaasjewurksumheden útfierd oan de betonplaten.

It wurk fynt alle dagen plak tusken 07:00 en 16:30. Nei 16:30 en yn it wykein is de Geawei wer iepen foar al it ferkear.

Bewenners kinne oerlêst ûnderfine tidens de wurksumheden. As it nedich is, kinne se in omwei nimme fia Kanaelwei Noard en Krûswei. Wy freegje om jo begryp foar it tydlike oerlêst.

 

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen oer dykwurksumheden?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân