Needstipepunten
Op dit stuit binne der yn de gemeente Opsterlân noch gjin needstipepunten. De gemeente is dwaande mei de tarieding fan de ynrjochting fan dizze lokaasjes.
Yn 2026 besiket boargemaster Bouwman alle doarpen om yn petear te gean oer wjerstân, foarút tinke, elkoar helpe en it opsetten fan in needstipepunt yn elk doarp.
In needstipepunt is in sintraal plak yn jo doarp dêr't gemeente, feilichheidsregio, helptsjinsten en ynwenners gearwurkje. Jo kinne der terjochte foar aktuele ynformaasje en stipe as dat nedich is. Ek as jo gjin tagong mear hawwe ta iten, drinken of medisinen, kinne jo by it needstipepunt ynformaasje krije.
Op www.opsterland.nl/tinkfoarút fine jo altyd de meast aktuele ynformaasje oer needstipepunten yn de gemeente Opsterlân.