Unôfhinklike kliïntestipe
Nei't jo stipe oanfrege hawwe fan it Gebietsteam, sil ien fan 'e adviseurs by jo thús komme om jo situaasje te besprekken.
It is wichtich dat jo sa dúdlik mooglik útlizze kinne wat der bart. It is it bêste om dit yn jo eigen wurden te dwaan. Wolle jo dat immen jo helpt út te lizzen wat der bart? Freegje dan in famyljelid, freon, buorman of fersoarger om oanwêzich te wêzen by it petear.
Is der nimmen dy't jo helpe kin, mar wolle jo dat dochs graach? Dan kin in ûnôfhinklike kliïntestipemeiwurker jo helpe. Dizze kliïntestipe is fergees. Ferskate partijen biede kliïntestipe oan. Jo kieze hokker partij jo ynskeakelje.
Mear ynformaasje
Foar mear ynformaasje en stipe, kinne jo terjochte op:
- OCO (ûnôfhinklike kliïntestipe) ocodenktmee.nl
