Unreplik guodbelesting (OZB)
Binne jo eigner fan in keapwenning, bedriuwsgebou of stik grûn of brûker fan in bedriuwspân? Jierliks betelje jo hjirfoar ûnreplik guodbelesting (OZB) oan de gemeente.
Hoe wurket it?
As jo in wenning hiere, hoege jo gjin OZB te beteljen. Hiere jo in bedriuwspân, dan betelje jo wol OZB (brûkersbelesting). Hoefolle OZB jo betelje, hinget ôf fan de Wearde Unreplik Guod (WOZ) fan jo wenning, bedriuwspân of perseel. De WOZ is de wearde op 1 jannewaris fan it foarige jier. As jo healwei it jier jo pân ferkeapje, betelje jo foar it âlde pân foar dat hiele jier OZB. De notaris ferrekkenet dêrnei de OZB fan it ferkochte pân faak mei de keaper.
OZB foar wenningen 2025
Jo betelje OZB foar wenningen as jo de eigner fan in keapwenning binne, net as jo hiere.
- Eignersdiel 0,0798%
OZB foar net-wenningen 2025
Wa't op 1 jannewaris fan it belestingjier eigner en/of brûker is fan in ûnreplik goed, is dêrfoar OZB skuldich. Under eigendom wurdt ek it saaklik rjocht fan erfpacht, opstal en soksoarte ferstien. Dizze belestingen wurde berekkene mei in persintaazje oer de WOZ-wearde fan it ûnreplik goed.
- Eignersbelesting net-wenning 0,1869%
- Brûkersbelesting net-wenning 0,1516%
