Iepenbiere oriïntearjende riedsgearkomste | 27 oktober

Dit is in âld berjocht.

In oriïntearjende riedsgearkomste fynt plak op moandei 27 oktober fanôf 19.30 oere yn de riedsseal te Beetsterzwaag. Publyk is fan herte wolkom. De gearkomste is live te folgjen fia de gemeentewebside.

Wolle jo ynsprekke oer ien fan ûndersteande ûnderwerpen? Nim dan uterlik moandei 27 oktober 12.00 oere kontakt op mei de grifffy fia (0512) 386 333 of e-mail: griffie@opsterland.nl.

Underwerpen oriïntearjende riedsgearkomste:

  • Begrutting 2026
  • Hjerstrapportaazje 2025

Yn de begrutting lêze jo wat de gemeente it kommende jier (2026) dwaan sil en wat dizze plannen kostje sille. De hjerstrapportaazje jout de stân fan saken oan fan de útfiering fan de begrutting fan it rinnende jier (2025).

Mear ynformaasje, lykas de gearkomstestikken en de live-útstjoering, fine jo op www.opsterland.nl/gemeenteraad.