Oanfreegje iepenbiere laadpeal foar elektryske auto’s
Der binne spesjale laadpeallen foar elektryske auto’s. Dizze fine jo bygelyks by iepenbiere parkearplakken. Dizze lade elektryske of hybride auto’s binnen 3 oant 7 oeren wer hielendal op. Dit giet folle rapper as it opladen fia in stopkontakt, om’t de oansluting en stekker oars binne. De gemeente Opsterlân wol graach meiwurkje oan it lanlik netwurk fan iepenbiere laadpeallen. Dit draacht ek by oan ús duorsumensambysje.
Oanfragen
Kinne jo gjin laadpeal op jo eigen terrein pleatse? Freegje dan in iepenbiere laadpeal yn de buert oan. Klik op de ûndersteande link om direkt in laadpeal oan te freegjen:
Betingsten
De laadpeal wurdt pleatst troch TotalEnergies. Jo moatte oan dizze betingsten foldwaan:
- Jo wenje of wurkje yn de gemeente Opsterlân
- Jo wenje of wurkje oantoanber minimaal 18 oeren yn de wike yn de gemeente Opsterlân
- Jo beskikke (ynkoarten) oer in elektryske auto en kinne dit oantoane troch middel fan in (foarriedich) keap- of leasekontrakt, eigendomsbewiis of ferlykber dokumint. LET OP: in kentekenbewiis is net jildich foar de oanfraach. As jo dizze tafoegje ynstee fan in keap- of leasekontrakt, dan wurdt de oanfraach ôfwiisd.
- Der is noch gjin iepenbiere laadpeal yn jo omjouwing (maksimaal 250 m rinfjild fan oanfraachadres). As der wol in laadpeal yn jo omjouwing is, wurdt neisjoen oft dizze laadpeal in protte brûkt wurdt. As dat net it gefal is, wurdt jo oanfraach ôfwiisd mei as reden dat der al in peal yn jo omjouwing stiet.
- As it om in oanfraach foar in laadpeal yn in fergunningplichtich gebiet of ûntheffingshâldersgebiet giet, kinne jo oantoane dat jo in parkearfergunning of parkearûntheffing hawwe.
Wolle jo in laadpeal oanfreegje? Gean dan nei www.laadpaalnodig.nl. De oanfraach komt telâne by TotalEnergies. Sy behannelje alle oanfragen en binne ferantwurdlik foar it pleatsen en eksploitearjen fan de iepenbiere laadpeallen yn de gemeente Opsterlân.
Wy sjogge tegearre mei TotalEnergies oft it mooglik is de laadpeal te pleatsen. Dêrby lette wy bygelyks op fersprieding oer de gemeente, fynberheid en parkearparse yn de omjouwing. Jo ûntfange tuskentroch berjocht fan TotalEnergies oer it proses.
Sadree't de laadpeal pleatst en test is, ûntfange jo in lêste berjocht. Jo kinne fan dat momint ôf gebrûk meitsje fan de laadpeal.
Hoe lang duorret it?
It duorret likernôch 4 moannen foardat de laadpeal pleatst wurdt. Wy dogge ús bêst om de laadpeal sa gau mooglik te pleatsen.
TIP: binne der mear minsken yn de buert dy't elektrysk ride? Freegje oft sy ek in fersyk yntsjinje. Sa krije wy in better byld fan de ferlet.
Kosten
De laadpeallen binne iepenbier en dêrom binne dizze fergees. Se binne eigendom fan de oanbieder en dus net fan de gemeente of fan jo. It opladen kostet wol jild en kin mei in oplaadpas. Der binne ferskate bedriuwen dy't hjirfoar abonneminten oanbiede.
Lokaasjes iepenbiere oplaadpeallen
Klik hjir foar alle lokaasjes mei iepenbiere laadpeallen. By de laadpeallen stiet in blau boerd mei in wite P en de tekst: ‘Opladen elektryske auto’s’. Allinnich elektryske en hybride auto’s dy’t op de laadpeal oansluten binne meie dêr parkeare. Jo kinne gjin laadpeal reservearje.
Laadpunt op jo eigen terrein
Jo hawwe gjin fergunning nedich foar in laadpunt op eigen terrein. Let derop dat jo gjin parkearplak, mei of sûnder laadpeal, yn de iepenbiere romte foar josels reservearje meie.
