Opgroeie yn in Kânsrike Omjouwing
De gemeente Opsterlân docht mei oan it lanlike programma Opgroeie yn in Kansrike Omjouwing, in inisjatyf fan it Trimbos-ynstitút yn gearwurking mei oare lanlike partners. It doel fan dit programma is om bern en jongerein opgroeie te litten yn in sûne, feilige en stimulearjende leefomjouwing mei ekstra omtinken foar it fergrutsjen fan de mentale sûnens en it foarkommen fan middelengebrûk.
Wêrom dit programma?
Bern en jongerein dy't opgroeie yn in kânsrike omjouwing hawwe bettere kânsen op in sûn en lokkich libben. Undersyk lit sjen dat in positive omjouwing – thús, op skoalle, yn de buert en yn de frije tiid – in grutte rol spilet yn de ûntwikkeling fan jongerein. Binnen dit programma wurkje wy dêrom gear mei âlders, skoallen, sportferienings en oare lokale partijen om risiko's te ferlytsjen.
Wat dogge wy yn Opsterlân?
Yn Opsterlân sette wy ús yn foar:
- It útstellen fan it brûken fan alkohol, tabak en oare middels by jongerein.
- Aldersfoarljochting en stipe oer opfieding, grinzen stelle en it petear oer middelengebrûk.
- Gearwurking mei skoallen, sportferienings en jongereinwurk om in sûne libbensomjouwing te befoarderjen.
- Bewustwurdingskampanjes oer û.o. groepsdruk, wjerstân en sosjale noarmen.
- Trainings foar professionals dy't wurkje mei jongerein.
Foar wa is dit?
Dit programma is bedoeld foar:
- âlders en fersoargers;
- jongerein sels;
- professionals dy't wurkje mei jeugd en/of harren âlders (lykas learkrêften, jeugdwurkers en soarchferlieners);
- frijwilligers en bestjoerders binnen ferienings en maatskiplike organisaasjes.
Mear witte?
Troch gear te wurkjen bouwe wy in omjouwing wêryn ús jeugd sûn en mei kânsen opgroeie kin. Wolle jo mear witte oer dit programma of sels bydrage? Jo kinne in e-post stjoere nei kansrijkeomgeving@opsterland.nl . Of kontakt opnimme mei Nika Schnek, tillefoan 06-23039545. Jo kinne mear ynformaasje oer OKO fine op 'e webside fan it Trimbos Ynstitút. .
Mear ynformaasje
Hawwe jo noch fragen? Of wolle jo jo abonnearje op de nijsbrief?
