Opstapke (2 - 4 jier)

Hawwe jo fragen oer de ûntwikkeling fan jo pjut? Wolle jo witte wat jo dwaan kinne om jo bern te stimulearjen en hokker boartersguod geskikt is. Dan is it leuk om mei 'Opstapje' mei te dwaan. 'Opstapje' is in gesinsrjochte stimulearringsprogramma foar bern fan twa oant fjouwer jier.

Tegearre mei jo poppe en/of pjut

Tidens hûsbesites wurdt der tegearre boarte en wurde der alderhande aktiviteiten dien. Jo krije boartersguod en (digitale) printboekjes oanrikt. Wy dogge spultsjes, lêze boekjes en sjonge bygelyks deselde ferskes dy't op de pjutteopfang songen wurde. Werhelling en werkenning is hiel wichtich foar pjutten. Jonge bern leare troch dingen te dwaan en troch te boartsjen. Alders kinne harren bern hjirby helpe.

Op wei nei de basisskoalle

Troch mei Opstapje mei te dwaan krije jo mear ynsjoch yn de ûntwikkeling fan jo bern en kinne jo jo eventuele soargen hjirfoar besprekke. It is in stipe yn de rêch op wei nei de basisskoalle.

In stipe yn de rêch

Jo kinne meidwaan as jo bern twa jier wurden is en trochgean oant hy/sy fjouwer jier wurdt. Mar jo kinne ek foar in koartere perioade meidwaan of starte as jo bern al trije is. Ofspraken foar hûsbesites wurde yn ûnderling oerlis makke en elk besyk wurdt rjochte taret foar jo bern en eventuele winsken fan de âlder. 

Wy sjogge jo graach!

Flyer Opstapje

Mear witte? 

Foar mear ynformaasje kinne jo in ôfspraak meitsje. Dan folget in kennismakking, dy't hielendal frijbliuwend is.

  • Foar âlders en harren bern tusken de 2 en 4 jier.
  • Dielname is fergees

Bel Gretha Huisman, 06 46 15 71 36 of

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Opstapke