Ferstjerren
As der immen ferstjert, dan moat dêrfan oanjefte dien wurde by de gemeente. Meastentiids docht de begraffenisûndernimmer dit. De gemeente makket dan in akte fan ferstjerren op. Ek soarget de gemeente dat it befolkingsregister oanpast wurdt.

Meinimme
- B-envelop (in envelop foar it CBS. Hjiryn is in formulier tafoege dêr't de genêskundige de deadsoarsaak op fermeldt)
- By in natuerlike deadsoarsaak: ferklearring fan ferstjerren ôfjûn troch de behanneljend genêskundige of gemeentlik lykskôger
- By in ûnnatuerlike deadsoarsaak: ferklearring fan gjin beswier kremaasje/begraffenis ôfjûn troch de offisier fan justysje
- As útstel fan kremaasje/begraffenis needsaaklik is: ferklearring fan gjin beswier ôfjûn troch in genêskundige
- Yn gefal fan ûntleden: fersyk oan boargemaster ta ôfjefte ferlof ta ûntleden
- Eventueel it trouboekje foar it bywurkjen fan de ferstjerrensgegevens
Kosten
De oanjefte fan ferstjerren kostet neat. In úttreksel fan de akte fan ferstjerren binne wol kosten oan ferbûn.
| Soarte | Priis |
|---|---|
| Úttreksel fan de akte fan ferstjerren | € 17,10 |
Byzonderheden
Jo meie de ferstoarne net earder as 36 oeren en net letter as seis wurkdagen nei ferstjerren begrave of kremearje. Wolle jo de ferstoarne earder begrave? Dan hawwe jo tastimming fan de offisier fan justysje en fan de boargemaster nedich.
Meitsje in ôfspraak
Wolle jo in ôfspraak meitsje? Jo kinne dat hjirûnder dwaan.

Ynformaasje foar dokters
Der binne standertformulieren foar de ferklearring fan ferstjerren (natuerlike dea) fêststeld. Dizze kinne jo hjirûnder downloade.
Ferklearring fan ferstjerren
- Lês foar Ferklearring_fan_ferstjerren_ôf_te_jaan_troch_de_behanneljende_dokter.pdf mei ReadSpeaker docReader
- Lês foar Ferklearring fan ferstjerren lykskôger mei ReadSpeaker docReader
In dokumint downloade en iepenje
Jo kinne in pdf-bestân iepenje yn ferskate PDF-lêzers, lykas Adobe Reader.
