Relevante partners

Wy wolle der safolle mooglik wêze foar ús ûndernimmers. Dêr is in soad kennis en ynformaasje foar nedich. Dêrom wurkje wy gear mei oare organisaasjes om dizze kennis út te wikseljen. Op dizze side fine jo in oersjoch fan relevante partners dêr't wy mei gearwurkje. 

Witte jo net by wa't jo wêze moatte?

Foar de gemeente kinne jo de bedriuwskontaktfunksjonaris as startpunt brûke. Bûten de gemeente kin earstelinjeloket YnBusiness jo it bêste trochferwize. Ek hat YnBusiness spesjalisten yn 'e hûs foar advys. Dizze tsjinsten wurde fergees oanbean oan Fryske Undernimmers. 

Gemeente Opsterlân