Parttime ûndernimme

Soe it jo út de bystân wei in eigen bedriuw begjinne wolle, mar witte jo net goed hoe't jo dit oanpakke moatte? Dan kinne jo yn oanmerking komme foar in trajekt rjochting selsstannich ûndernimmerskip, de préstart.

Bedriuw starte?

Soene jo fanút de bystân in eigen bedriuw begjinne wolle, mar witte jo net goed hoe't jo dit oanpakke moatte? Dan kinne jo yn oanmerking komme foar in trajekt rjochting selsstannich ûndernimmerskip, de préstart. Dizze regeling makket it mooglik om mei help fan in coach, josels foar te bereiden op it starten fan in eigen bedriuw. Jo hâlde tidens dit trajekt jo bystânsútkearing en krije frijstelling fan arbeidsferplichtingen. Yn dy perioade leare jo bygelyks in ûndernimmingsplan te skriuwen en ûndernimmersfeardichheden eigen te meitsjen.

Starte jo in eigen bedriuw fanút de bystân, dan kinne jo finansjele stipe krije op grûn fan it Beslút bystânsferliening selsstannigen (Bbz). Binne jo al ûndernimmer en hat jo bedriuw finansjele problemen of wolle jo stopje mei ûndernimmen? Ek dan kinne jo ûnder betingsten in berop dwaan op de Bbz. It Buro foar Selsstannigen Fryslân (BZF) fiert dizze regeling foar de gemeente Opsterlân út. Sjoch op de webside: www.bureauzelfstandigenfryslan.nl. Jo kontaktpersoan by de gemeente kin jo stypje en/of trochferwize nei de kontaktpersoan binnen it BZF.

Parttime ûndernimmerskip

Untfange jo in bystânsútkearing en sjogge jo kânsen om in oantal oeren yn 'e wike jild te fertsjinjen as ûndernimmer? Jo kinne ûnder betingsten fanút de Partisipaasjewet parttime oan de slach. Parttime ûndernimme kinne jo dwaan mei behâld fan jo bystânsútkearing. Jo dogge dêr't jo goed yn binne én jo fergrutsje de kâns om út jo útkearingssituaasje te kommen. Jo wurkje oan in ynkommen om yn jo libbensûnderhâld te foarsjen en bouwe in netwurk op.

Wannear binne jo parttime ûndernimmer?

  • Jo binne in ienmanssaak sûnder personiel.
  • Jo wurkje gemiddeld net mear as 23 oeren yn 'e wike as ûndernimmer (maksimaal 1225 oeren op jierbasis).
  • Jo steane ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel.
  • De prizen fan jo produkt binne yn oerienstimming mei de brânsj.
  • Jo hawwe in dúdlike administraasje.
  • Neist it parttime ûndernimmen sollicitearje jo wol nei in baan yn tsjinstferbân.

It Buro foar Selsstannigen Fryslân (BZF) fiert dizze regeling foar de gemeente Opsterlân út. Jo kontaktpersoan by de gemeente kin jo stypje en/of trochferwize nei de kontaktpersoan binnen it BZF. De beliedsregels fan de gemeente Opsterlân steane ek op dizze webside formulearre foar parttime ûndernimmen: www.bureauzelfstandigenfryslan.nl/faq/beleidsregels-gemeente-opsterland.

Hawwe jo fûn wat jo sochten?

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam

Gemeente Opsterlân