Paspoart
In paspoart freegje jo persoanlik oan by de gemeente. Jo geane hjirfoar, op ôfspraak, nei it Publykssintrum yn it gemeentehûs. Ek bern moatte foar harren oanfraach sels nei it gemeentehûs komme. Oant 18 jier hawwe se tastimming foar de oanfraach nedich. Nei 5 wurkdagen kinne jo jo paspoart, op ôfspraak, ôfhelje. In paspoart foar folwoeksenen is 10 jier jildich. Jongeren ûnder de 18 jier krije in paspoart dat 5 jier jildich is.

Paspoart oanfreegje
Stap 1 - Paspoart oanfraach online tariede en betelje
Jo kinne jo paspoart oanfraach online tariede en betelje. Dit skeelt tiid oan de baly.
Jo paspoart oanfraach online tariede en betelje
Stap 2 - Meitsje in ôfspraak om jo paspoart oanfraach definityf te meitsjen
Nei jo online oanfraach meitsje jo direkt in ôfspraak om jo oanfraach definityf te meitsjen by it gemeentehûs.
Stap 3 - Wat nimme jo mei nei jo ôfspraak?
- In gaadlike pasfoto fan maksimaal 6 moannen âld. Hjir wurdt strang op kontrolearre. Let op de jildende easken.
- Alle identiteitsbewizen en paspoarten dy jo hawwe. Nim ek ferrûne dokuminten en eventuele bûtenlânske reisdokuminten mei.
- Reisdokumint kwyt? Meld de fermissing by de gemeente fia it folgjende formulier.
- Pinpas of kontant jild. Jo betelje it paspoart ûnder de ôfspraak, útsein as jo al online betelle hawwe.
- Tastimming foar bern oant 18 jier. Bern oant 18 jier hawwe tastimming nedich fan alle minsken dy't it gesach oer it bern hawwe. Meastal binne dit de âlden. Jo kinne de tastimming online regelje mei DigiD.
Tastimmingsferklearring bern oant 18 jier
Leaver op papier? Download it tastimmingsformulier (PDF) en nim dizze mei nei jo ôfspraak. Ferjit net de legitimaasjebewizen (gjin kopy!) fan de gesachhawwer(s) mei te nimmen!
Stap 4: Ofheljen fan jo paspoart
Nei fiif wurkdagen leit jo paspoart klear op it gemeentehûs. Jo ûntfange hjir oer in e-mail (kontrolearje ek jo map ‘net winske e-mail’).
Let op: ek foar it ôfheljen fan jo paspoart moatte jo in ôfspraak meitsje.
Langskomme kin ek
Wolle jo leaver alles yn ien kear regelje op it gemeentehûs? Dat kin! Wachtsje dan net oant it lêste momint. Meitsje op tiid in ôfspraak. De wachttiden foar in ôfspraak kinne oprinne, seker rjochting de skoalfakânsjes. Sjoch ûnder stap 3 wat jo mei nimme moatte nei jo ôfspraak.
Kosten
| Soarte | Priis |
|---|---|
| Paspoart foar persoanen fan 18 jier en âlder | € 86,50 |
| Paspoart foar persoanen fan 18 jier en âlder mei spoedoanfraach | € 145,50 |
| Paspoart foar persoanen oant en mei 17 jier | € 65,50 |
| Paspoart foar persoanen oant en mei 17 jier mei spoedoanfraach | € 124,50 |
Byzonderheden
Spoedoanfraach
Hawwe jo jo paspoart gau nedich? Doch dan in spoedoanfraach. Tink derom: dit kin allinnich oan de baly. Jo kinne it paspoart dan binnen 2 wurkdagen ôfhelje. Binne jo jo âlde paspoart kwyt? Dan is in spoedoanfraach soms net mooglik.
Kwytof of stellen
Binne jo jo paspoart kwyt of is it stellen? Jo hoege net earst oanjefte te dwaan by de plysje. Meld de fermissing by de gemeente fia it folgjende formulier.
Jo kinne ek in ôfspraak meitsje by it Publykssintrum om del te kommen en in nij dokumint oan te freegjen. Hawwe jo it fermiste paspoart destiids yn in oare gemeente as Opsterlân oanfrege? Meld dit dan telefonysk foardat jo delkomme, sadat wy ynformaasje út de oare gemeente opfreegje kinne.
Identifikaasjeplicht
Yn in soad gefallen binne jo ferplichte jo te identifisearjen oan de hân fan in jildich identiteitsbewiis. Bygelyks as jo medyske soarch nedich hawwe, moatte jo in jildich identiteitsbewiis sjen litte oan de soarchferliener.
Lês mear oer de identifikaasjeplicht op de webside fan de Rijksoverheid.
