Alderbijeenkomsten: It puberbrein
Binne jo âlder fan in (hast) puber? Dan sille jo grif werkenne dat de opfieding yn dizze faze de nedige útdagings meibringt. Om jo hjirby te stypjen, geane wy ‘on tour’!
Yn de gemeenten Eaststellingwerf, Weststellingwerf en Opsterlân organisearje wy trije alderbijeenkomsten. Ferskate professionals jouwe jo útlis, praktyske tips en hânfetten oer it puberbrein, prestaasjedruk en middelengebrûk – én wat jo hjiryn as âlder betsjutte kinne.
De bijeenkomsten én in kopke kofje of tee binne fergees. Meld jo op tiid oan, want fol = fol.
It puberbrein – troch Aletta Smits
- 📅 5 juny 2025
- 🕒 Ynrinnen fan 19.15 oere ôf, start om 19.30 oere
- 📍 MFA De Tynje, Breewei 6c – De Tynje
Tidens dizze bijeenkomst fertelt Aletta Smits op humoristyske en werkenbere wize hoe't it puberbrein him ûntjout. Jo leare hokker effekt dit hat op it gedrach fan jo bern, wêrom't it lestich is om op tiid te begjinnen mei learen, en wat wél en net wurket yn de opfieding fan pubers.
Good better best – troch Helder Teater
- 📅 Septimber 2025
- 🕒 Ynrinnen fan 19.15 oere ôf, start om 19.30 oere
- 📍 Gemeente Weststellingwerf (eksakte datum en lokaasje folgje noch)
Tidens dizze ynteraktive bijeenkomst nimme Wilma Paulij en trije akteurs fan Helder Teater jo mei yn de wrâld fan prestaasjedruk by jongerein. Se litte op werkenbere en lichte wize sjen wat de oarsaken en gefolgen binne – mar foaral ek de oplossingen. Wittenskiplike ynsichten wurde ôfwiksele mei sênes út it deistige libben fan âlders en jongerein.
Pubers en ferliedingen – troch VNN
- 📅 3 novimber 2025
- 🕒 Start om 19.30 oere
- 📍 Gemeente Eaststellingwerf (eksakte lokaasje folget noch)
In protte bern meitsje thús foar it earst kennis mei alkohol, en bûtendoar komme se ier of let yn oanrekking mei drugs. Hoe prate jo mei jo bern oer de risiko's? Hoe stelle jo dúdlike grinzen en hoe meitsje jo jo hjirop klear? Tidens dizze bijeenkomst krije jo praktyske tips en hânfetten om hjir oer yn petear te gean.
Ek foar dizze bijeenkomsten kinne jo jo al oanmelde.
Mear witte of oanmelde?
Binne jo ynteressearre en wolle jo op de hichte bliuwe? Lit dan jo gegevens efter fia it oanmeldformulier. Hawwe jo fragen? Dan kinne jo maile nei: kansrijkeomgeving@opsterland.nl.
Mear ynformaasje?



