Reklamerjochtlinen

De wichtichste maatregel is dat hannelsreklame/reklamebuorden allinnich noch yn winkelgebieten tastien binne.

De nije reklamerjochtlinen binne ta stân kommen troch útwreide kontakt mei de Pleatslike belangen en ûndernimmersferienings yn Opsterlân. 

De tiid oant july 2020 wurdt beskôge as in oergongsperioade. Dit betsjut dat de reklame dy't yn 2019 noch pleatst wurdt, mar net past binnen de nije rjochtlinen, noch wol stean bliuwe mei. De eigners fan de buorden wurde hjir wol op attindearre. 

Fan july 2020 ôf wurde de rjochtlinen aktyf en meie dizze buorden dus net mear pleatst wurde.

Wolle jo mear ynformaasje oer de reklamerjochtlinen? 

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Ûndersyk nei digitale wolkomstbuorden

Ut guon reaksjes kaam de winsk nei foaren om digitale wolkomstbuorden te pleatsen by de tagongswegen fan doarpen. Wy hawwe besletten om dizze winsk, tegearre mei belangstellenden en in ekstern buro, fierder te ûndersykjen. Hjirfoar wurdt noch in ynformaasjebyienkomst organisearre.

Reklamerjochtlinen iepenbiere romte

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân