Regelingen foar wurkjouwers

Sykje jo personiel? Hawwe jo in fakatuere, staazjeplak of learwurkplak? Nim dan kontakt op mei de gemeente Opsterlân.

Werving en seleksje

De gemeente Opsterlân stipet wurksykjenden mei in útkearing sa goed mooglik by it finen fan in nije baan. Mar wol graach ek de wurkjouwers stypje by it finen fan nij personiel.

Tegearre sjogge wy hoe't jo fakatuere it bêste ynfolle wurde kin. Dat kin bygelyks mei in proefpleatsing, mar der binne noch mear mooglikheden en dy besprekke wy graach mei jo.  

Mear ynformaasje

Nijsgjirrich nei de mooglikheden? Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân