Reek- en stookferbod | Ferhege risiko op natuerbrannen
Fanwegen de oanhâldende droechte en waarsfoarsizzing is der fan hjoed, 29 april 2026, in ferbod op smoken en iepen fjoer yn Opsterlân fan krêft. Dit wurdt dien op advys fan 'e brânwacht.
Yn bosken en natuergebieten is it ferbean om te smoken en om fjoer te stoken. Dêrneist is it yn de hiele gemeente ferbean om yn de iepen loft fjoer te stoken of te hawwen. Ien nonshalant weismiten sigarettepeuk of stik glês kin neffens de brânwacht al de oarsaak wêze fan in brân dy't in grut natuergebiet ferwoastet. Wês dêrom ferstannich en ferantwurdlik mei fjoer.
Jo meie noch wol yn jo eigen tún fjoer stoken, mar let hjirby goed op. Lit it fjoer of de barbecue net sûnder tafersjoch efter en set in amer wetter klear. Want ek yn jo tún of njonken jo wenning is it drûch en kin brân ûntstean. It is dus wichtich om ek dêr alert op te wêzen.
Sa kinne jo brân foarkomme:
- Smook net yn natuergebieten, ek net yn dat lytse stikje tichtby hûs.
- Hâld jo oan de regels foar it brûken fan barbecues en fjoerkorven.
- Parkearje jo auto net yn heech, drûch gers - ek net by jo hûs.
- Smit ôffal - benammen glês - yn ôffalbakken.
- Brûk gjin ûnkrûdbrâners.
- Smit gjin baarnende of smeulende foarwerpen wei.
Untstiet der dochs brân yn in natuergebiet? Doch dan it folgjende:
- Bliuw kalm;
- Besykje net sels de brân te blussen;
- Flecht nei in feilich plak: de iepenbiere wei, in grut ferhurde terrein of de beboude kom;
- Rin net foar de brân út of yn de rjochting fan de brân, mar heaks op de fjoerhaard;
- Bel 112 en jou sa sekuer mooglik troch wêr't jo binne.
It reek- en stookferbod bliuwt foarearst noch fan krêft.