Yn Opsterlân leit in útwreide netwurk fan rûtes. Troch it ferbinen fan paden kinne rekreaten en toeristen aktyf genietsje fan it lânskip. 

Fytse âlderein

Fytse

It netwurk fan fytsrûtes jout de mooglikheid om fan knooppunt nei knooppunt in eigen rûte gear te stellen. De ferskate tochten liede jo dwers troch prachtige lânskippen en gesellige doarpkes dêr't jo stopje kinne foar rêst en in hapke en in drankje.

Fia de webside fan 'It Oare Fryslân' en 'Visit Friesland' kinne jo it netwurk fan knooppunten besjen, en ferskate fytsrûtes ûntdekke yn de regio Súdeast-Fryslân: 

Wannelje

It netwurk fan wannelrûtes jout de mooglikheid om fan knooppunt nei knooppunt in eigen rûte gear te stellen. De ferskate tochten nimme jo mei troch de bosken, greiden en gebieten mei de rike skiednis fan gemeente Opsterlân. 

Fia de websiden fan 'It Oare Fryslân' en 'Visit Friesland' kinne jo it netwurk fan rûtes besjen, en ferskate wannelrûtes ûntdekke yn de regio Súdeast-Fryslân: 

Hynderride

Yn Opsterlân binne der foar ruters mei hynders ek moaie rûtes te riden. Benammen yn de omjouwing fan Wynjewâlde binne moaie rûtes te finen.

Fia dizze webside kinne jo it wannelrûtenetwurk besjen, en ferskate ruterûtes ûntdekke yn de regio Súdeast-Fryslân: 

Toeristysk Oerstappunt (TOP’s)

Om de rûtes en rekreaasje yn Opsterlân sa tagonklik mooglik te meitsjen, binne der in tal Toeristyske Oerstappunten (TOP's) opset yn de omjouwing. By dizze punten kinne jo de auto parkeare, en sa bygelyks fytsend of te foet begjinne oan de rûte. Hjirûnder steane de besyksadressen fan de punten.

TOP Bakkeveen
Mjûmster Wei 16
9243 SK BAKKEVEEN

TOP Beetsterzwaag/Olterterp
Harinxmawei 20
9246 TL OLTERTERP

TOP Nij Beets
Domela Nieuwenhuiswei 59 B
9245 VC NIJ BEETS

Gean nei de webside fan in Toeristysk Oerstappunt:

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum 

Gemeente Opsterlân