Tegearre op stap (0 - 4 jier)
Fine jo it leuk om yn in ûntspannen sfear âlders mei jonge bern te moetsjen? Kom dan nei de ‘Tegearre op Stap’ gearkomsten. Hjir binne jo wolkom tegearre mei jo poppe en/of pjut.
Tegearre mei jo poppe en/of pjut
Foar de bern is der allerhanne boartersguod en der kin knutsele wurde. Wy ite tegearre fruit en sjonge ferskes mei-inoar. Der wurde boekjes oanbean en soms wurdt in spultsje of oare aktiviteit dien.
Yntusken kinne jo ûnderfinings diele mei oare âlders en elkoar tips jaan op it mêd fan opfieden en opgroeien.
Wêr en wannear?
- Elke woansdeitemoarn fan 09.30 oant 11.00 oere, útsein yn de skoalfakânsjes, yn:
De Opstap (De Skâns)
Loaijersstrjitte 2
Gorredijk
- Foar âlders en harren bern tusken de 0 en 4 jier.
- Oanmelde is net nedich, rin gerêst binnen.
- Meidwaan is fergees, ynklusyf kofje/tee/ranja.
Tegearre boartsje is leuk en learsum!
Oan de bern merke wy faak dat se it hiel leuk fine om tegearre mei harren mem/heit te kommen boartsjen. Want allinnich boartsje is hiel learsum, mar fan tegearre boartsje leare bern wer in soad nije dingen.
Kom ek ris del
De 'Tegearre op Stap' gearkomsten binne foar alle âlders mei in poppe of pjut. Gewoan om der efkes tuskenút te wêzen en te sjen hoe't jo bern op oare bern reagearret of mei harren boartet. Koartsein in gesellige moarn foar âlders en bern. Kom frijbliuwend in kear del en sjoch oft it wat foar jim is.
Wy sjogge jo graach!
Flyer Tegearre op stap
In dokumint downloade en iepenje
Jo kinne in pdf-bestân iepenje yn ferskate PDF-lêzers, lykas Adobe Reader.
