Skoallen
Bist op syk nei in (basis)skoalle yn Opsterlân? Der binne basisskoallen yn 'e doarpen fan 'e gemeente. Yn De Gordyk learlingen kinne nei it fuortset ûnderwiis. Der is in skoalle foar spesjaal ûnderwiis yn Beetstersweach.
Basisûnderwiis
De kristlike basisskoallen yn Opsterlân binne feriene ûnder it skoalbestjoer VCSO (Feriene Kristlike Skoallen Opsterlân). Ynformaasje oer it kristlike skoalbestjoer en de skoallen fine jo op de webside fan de VCSO. De Grifformearde basisskoalle Eben Haëzer is in skoalle foar aktyf kristlike gesinnen. Mear ynformaasje oer dizze skoalle fine jo op www.gbsureterp.nl.
Stichting Comprix is sûnt 1 jannewaris 2017 de fúzjeorganisaasje fan Stichting Comperio en Stichting PRIMO Opsterlân. Stichting Comprix is it foechhawwend gesach foar it Iepenbier Primêr Underwiis yn de gemeenten Eaststellingwerf, Opsterlân en Weststellingwerf. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan Stichting Comprix.
Fuortset ûnderwiis
De Boargemaster Harmsma Skoalle is in iepenbiere skoallemienskip foar fuortset ûnderwiis. De ûnderbou is foar learlingen fan VMBO oant en mei HAVO/VWO. De boppebou is útslutend foar VMBO. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan de Boargemaster Harmsma Skoalle.
Spesjaal ûnderwiis
Skoalle Lyndensteyn yn Beetstersweach is in mytyl- en tyltylskoalle foar spesjaal en fuortset spesjaal ûnderwiis. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan Skoalle Lyndensteyn.
