BHS-studinten yn debat mei partijlieders
De koprinners fan 'e acht partijen dy't meidogge oan 'e gemeenteriedsferkiezings yn Opsterlân sille debattearje mei studinten fan 'e BHS. De Gordyk Dat sille se dwaan op 5 maart yn De Skâns. Jo binne fan herte útnoege.
Fan lokale supermerk nei fytspaad: BHS-studinten daagje partijlieders út
Wêr kinne jongeren noch hinne yn harren frije tiid? Hoe soargje jo foar feilige fytspaden yn it tsjuster? Bliuwt de pleatslike supermerk noch iepen foar beppe en pake? En hokker sport diene jo as bern?
Mei dit soarte fragen sette learlingen fan groep 3 en 4 fan BHS de partijlieders fan Opsterlân op 'e proef. Se wurde dreaun troch har eigen nijsgjirrigens en stelle persoanlike fragen.
Wêr en wannear?
It debat fynt plak op 5 maart 2026 op De Skâns, De Gordyk De doarren geane iepen om 19.00 oere en it debat begjint om 19.30 oere. It sil maksimaal oardel oere duorje. In drankje wachtet op jo!



