Skulden? Der is altyd in oplossing
Skulden, elkenien kin it oerkomme. Ferlies fan wurk, skieding, sykte, ferslaving; it binne allegear redenen wêrtroch't it finansjeel misrinne kin. Bliuw der net mei omrinne. Der is altyd in oplossing.
Help nedich? Of earst allinnich in petear? Mail dan nei skuldhelpferliening@opsterland.nl. Binnen twa wurkdagen nimt ien fan ús skuldhelpferlieners frijbliuwend kontakt mei jo op.
Foar it oplossen fan skulden wurkje wy gear mei ferskate partijen. Dit helpt ús te bepalen hokker help it bêste by jo situaasje past. It oplossen fan skulden is maatwurk.
Us skuldhelpferliener bepaalt tegearre mei jo hokker oplossing passend is. Soms is der ekstra help nedich, lykas:
- Bewindfiering
- Budzjetbehear
- Maatskiplik wurk
Handige links mei mear ynformaasje oer it oplossen fan skulden:
Handige links foar gesinnen mei bern:
Kontakt
Wy binne elke wurkdei telefonysk berikber (0512-386 222) fan 9.00 oant 17.00 oere. Jo kinne ek in e-mail stjoere nei: skuldhulpferliening@opsterland.nl of in berjocht ynstjoere fia it ûndersteande kontaktformulier. Binnen twa wurkdagen nimme wy kontakt mei jo op.
