Stimje foar it Europeesk Parlemint as net-Nederlanner

Hawwe jo de nasjonaliteit fan ien fan de lidsteaten fan de Europeeske Uny? Dan meie jo ek yn Nederlân stimme foar de Nederlânske leden fan it Europeesk Parlemint. Jo kinne ek stimme yn it lân fan komôf. Jo moatte wol kieze: twa kear stimme mei net. 

As jo yn Nederlân stimme wolle, moatte jo fan tefoaren in Y-32 formulier ynfolje. Hjirmei registrearje jo jo by de gemeente en ferklearje jo dat jo net ek yn in oar lân stimme. Ek ferklearje jo mei dit formulier dat jo net fan it kiesrjocht útsletten binne. 

Jo kinne it formulier online ynfolje mei jo DigiD. Uterlik 23 april 2024 moat it by ús binnen wêze.

Registrearje Europeeske Ferkiezings

Slaget digitaal ynfoljen net? Download it formulier dan as PDF. Stjoer it formulier mei in kopy fan jo identiteitsbewiis nei:

  • Gemeente Opsterlân
    T.a.f. Ferkiezings
    Postbus 10.000
    9244 ZP Beetsterzwaag

Al earder registrearre? 

Hawwe jo jo earder yn Nederlân registrearre foar de Europeeske ferkiezings? Mar wolle jo yn 2024 stimme yn it EU-lân wêrfan't jo de nasjonaliteit hawwe? Nim dan kontakt mei ús op om jo eardere registraasje yn te lûken.