Subsydzje oanfreegje by it Iepen Mienskipsfûns of it LEADER-programma

Ynwenners mei in goed inisjatyf om de kwaliteit fan libben te ferbetterjen yn 'e gemeenten It Hearrenfean, Ooststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân of Weststellingwerf kinne fan 14 septimber oant en mei 8 oktober wer subsydzje oanfreegje by it Iepen Mienskipsfûns of it LEADER-programma. Mei in bydrage út ien fan dizze subsydzjeregelingen makket de Provinsje Fryslân mienskipsinisjativen mooglik.

Fia it Iepen Mienskipsfûns jout de provinsje in ienmalige subsydzje foar mienskipsbasearre inisjativen. It giet dan ûnder oare om inisjativen op it mêd fan libbenskwaliteit, kultuer, natuer, wolwêzen of sport. In maksimum fan € 50.000 kin oan in projekt takend wurde. 

Wat is LEADER?

LEADER is in Europeesk subsydzjeprogramma foar de fersterking fan it plattelân. It giet dêrby om gruttere projekten dy't troch ynwenners, ûndernimmers en organisaasjes sels opset en útfierd wurde. In inisjatyf moat oanslute by it tema Nije enerzjy fan en foar de lânbou, Nije enerzjy foar elkoar of Nije enerzjy foar it lânskip.
Mear ynformaasje oer beide subsydzjeregelingen fine jo op www.fryslan.frl/mienskip.

Hawwe jo in goed idee foar ferbettering fan de leefberens yn Súdeast-Fryslân? 

Dan kinne jo jo idee ynkoarten presintearje oan de advyskommisje dy't de provinsje advisearret oer beide subsydzjeregelingen. Ek kinne jo dizze jûn yn petear gean mei de leden fan dizze advyskommisje. Sa kinne jo jo idee ferbetterje, om dêrnei in subsydzjeoanfraach by it Iepen Mienskipsfûns of LEADER yn te tsjinjen.
 

Wannear: woansdei 9 septimber 2026 fan 19:30 oant 21:30 (doarren iepen om 19:15)
Wêr: MFA De Tynje, Breewei 6c, (8406 EE) Tynje

Jo kinne jo oanmelde troch in e-post te stjoeren nei zuidoost@fryslan.frl úterlik freed 4 septimber. Jo kinne ek kontakt opnimme mei dit adres foar fragen oer dizze gearkomste, it Iepen Mienskipsfûns, of LEADER. Meld jo op 'e tiid oan, om't der romte is foar in beheind oantal inisjatyfnimmers om har ideeën te presintearjen. 

Mail nei zuidoost@fryslan.frl

Mear nijs

  • Subsydzje: in nij libben foar âlde pleatsen

    Hawwe jo in pleats dy't op it monumint stiet en wolle jo it in nije sosjale of ûndernimmende bestimming jaan? It Pleatsfûns krijt in subsydzje fan € 2,5 miljoen fan it Ryk.

  • Wizige iepentiden op 2 novimber

    Yn ferbân mei in teamgearkomste fan it Publykssintrum It gemeentehûs sil earder slute op moandei 3 septimber. It gemeentehûs sil dy dei iepen wêze fan 09.00 oant 16.00 oere.

  • Untdek jo dreamhûs yn Loevestein Fase 4 Súd

    Bistû op syk nei rêst, romte en noflik wenjen omjûn troch grien? Yn dizze nije wenwyk fan De Gordyk al jo wenwinsken komme byinoar.

Mear ynformaasje?

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân