Subsydzjeregeling ‘Foarkommen fan skea troch wolven’

De Provinsje Fryslân stelt nije subsydzjeregeling ‘Foarkomme skea troch wolven’ fêst. Koart gearfette sjocht de nije regeling der sa út:

  • It subsydzjegebiet yn Fryslân is útwreide. Dierhâlders yn de gemeenten Hearrenfean, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân en Weststellingwerf kinne subsydzje oanfreegje.
  • De subsydzjeregeling is fierder ferbrede sadat dierhâlders fan alle hoefdierachtigen, mei útsûndering fan damharten, in subsydzjeoanfraach yntsjinje kinne.
  • It maksimale subsydzjebedrach is ferhege fan 20.000 euro nei 30.000 euro.
  • De administrative lêsten foar de oanfragen binne ferlichte om't der minder bewisstikken oanlevere hoege te wurden.

De publikaasje fan de regeling folget binnen 1 à 2 wiken en is dan ek te finen (tegearre mei it nije oanfraachformulier) op 

Subsydzjeregeling foarkomme skea troch wolven provinsje Fryslân

Sjoch foar it parseberjocht op:

Mear subsydzje beskikber foar wolfwarjende maatregels

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân