Tegemoetkoming allinnichfertsjinnersproblematyk

Minsken mei in leech ynkommen dy't troud binne of gearwenje kinne tegearre ûnbedoeld in leger ynkommen hawwe as it besteansminimum. Dat is it minimale bedrach dat nedich is om fan te libjen. Dit kin as de iene partner in útkearing fan UWV, SVB of in partikuliere fersekerder ûntfangt en de oare gjin of in bytsje ynkommen hat. Dit neame wy in allinnichfertsjinnershúshâlding.

By dizze partners wurkje útkearings- en belestingregelingen elkoar tsjin. Dêrtroch krije se minder hier- en soarchtastien as se nedich hawwe, en dêrtroch is harren totale ynkommen leger as minsken mei in bystânsútkearing. Dat is net de bedoeling. Dit probleem hjit de ‘problematyk fan allinnichfertsjinners’.

De Belestingtsjinst wurket oan in oplossing foar dit probleem. Oant dy tiid keart de gemeente elk jier in lanlik fêststeld bedrach út oan dizze húshâldings.

Wannear soene jo te min belestingtastien krije kinne?
Dit kin by jo oan de hân wêze as:

  • Jo in (tastien)partner hawwe.
  • Ien fan jo in útkearing fan UWV, SVB of in partikuliere fersekerder hat en eventueel ek in lyts ynkommen út wurk of bystân; en de oare gjin ynkommen hat of in lyts ynkommen.


De tegemoetkoming
Fan 2025 oant 2028 krije troffen húshâldings in fêst bedrach. Dit bart meastentiids automatysk. Jo hoege gjin oanfraach yn te tsjinjen. Jo tastien en eventuele bystânsútkearing bliuwe gelyk. Jo hoege it bedrach letter net werom te beteljen.

Fan 2025 ôf leveret de Belestingtsjinst elk jier in list oan gemeenten mei húshâldings dy't nei ferwachting mei de problematyk fan allinnichfertsjinners te krijen krije. As jo op dizze list steane, hawwe jo automatysk rjocht op de tegemoetkoming. Jo krije dan in brief fan de gemeente wêryn't wy jo freegje om jo rekkenûmer troch te jaan. 

Hoe komme wy oan de gegevens fan de troffen húshâldings? 
De belestingwetjouwing biedt op dit stuit noch gjin oplossing foar dizze problemen. De Rijksoverheid hat de Belestingtsjinst frege om oan de gemeente gegevens troch te jaan fan ynwenners dy't mooglik te krijen hawwe mei de ûnterjochte koarting op de tastien.

Gjin brief hân? 
Hawwe jo gjin brief hân, mar tinke jo dat jo troffen binne? Jo kinne dan kontakt opnimme mei it gebietsteam. It gebietsteam is berikber fia 0512-386222. Ek is it mooglik om in e-mail te stjoeren nei werkeninkomen@opsterland.nl.

Mear ynformaasje

Hawwe jo fragen of stipe nedich? 

Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam

Gemeente Opsterlân