TESTSIDE
Yn Nederlân kieze wy elke 4 jier de bestjoeren fan de wetterskippen. Dat dogge wy by de wetterskipsferkiezings. Mar wat docht in wetterskip (by ús Wetterskip Fryslân) eins?
Kontrolearje en beskermje
Nederlân leit foar in grut part ûnder seenivo. Dat makket ús kwetsber foar oerstreamings. It is dêrom wichtich om it wetter te kontrolearjen en ús te beskermjen tsjin it wetter. Dat dogge de wetterskippen. Nederlân hat 21 wetterskippen. Om alle taken fan it wetterskip goed útfiere te kinnen, betelje ynwenners wetterskipsbelesting. Tidens de ferkiezings hawwe jo ynfloed op hoe't dit jild bestege wurdt en hokker keuzes it wetterskip makket.
Ferkiezings wetterskip
Stimme jo by de wetterskipsferkiezings? Dan bepale jo mei wa't der yn it algemien bestjoer fan it wetterskip komt. Yn it algemien bestjoer sitte ek minsken fan natuerorganisaasjes en boeren. Sy wurde net keazen mar beneamd. Want de kontrôle fan it wetter is ek foar harren tige wichtich. De leden fan it algemien bestjoer binne der úteinlik foar alle ynwenners.
Wat docht it bestjoer?
- It algemien bestjoer bepaalt de doelen fan it wetterskip en hoe't der wurke wurdt oan dy doelen.
- It algemien bestjoer bepaalt hoe heech de wetterskipsbelesting is.
- It algemien bestjoer kontrolearret oft de taken fan it wetterskip goed útfierd wurde.
Downloads
In dokumint downloade en iepenje
Jo kinne in pdf-bestân iepenje yn ferskate PDF-lêzers, lykas Adobe Reader.

