Tydlike Stipe Needsaaklike Kosten (TONK)

Dit is in âld berjocht.

Hawwe jo ûnûntkombere weromfal yn jo ynkommen troch it coronafirus en kinne jo dêrtroch jo wenlasten tydlik net mear betelje. Dan kinne jo de Tydlike Stipe Needsaaklike Kosten (TONK) oanfreegje. 

Betingsten

Jo komme mooglik yn oanmerking foar de TONK as:
•    jo in ynkommensdaling hawwe fan 30% of mear troch corona yn jannewaris 2021 yn ferliking mei jannewaris 2020;
•    jo ynkommen net te heech is (in ynkommen fan mear as €3.000 de moanne telt folslein mei as draachkrêft);
•    jo fermogen net heger is as €10.072 foar allinnichsteanden of €20.144 foar trouden;
•    jo hier- of hypoteeklasten teminsten €432,51 de moanne bedrage;
•    jo net op in oare manier yn dizze kosten foarsjen kinne;
•    jo alles dien hawwe om in berop te dwaan op oare regelingen, TVL, NOW, TOZO, AIO. (As jo rjocht hawwe op TOZO moatte jo dit oanfrege hawwe, wannear't jo gjin TOZO oanfrege hawwe, wurdt jo oanfraach ôfwiisd);
•    de kosten ferbûn binne oan Nederlân;
•    jo Nederlanner binne of dêrmei lyksteld binne en jo net om in oare reden útsluten wurde.

Oanfraach

Daliks regelje

Jo kinne digitaal jo oanfraach yntsjinje. Folje hjirfoar it formulier 'Oanfraach Tydlike Stipe Needsaaklike Kosten (TONK)' yn (boppe-oan dizze side ûnder it kopke 'Daliks regelje'). Mooglik komme jo yn oanmerking foar de TONK. Tips

Tips

Sjoch foar tips op www.antwoordopbijstand.nl

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen? 

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân