Tiny Houses yn De Gordyk
Yn novimber 2018 is der in moasje yntsjinne om de mooglikheid fan tiny houses binnen de gemeente Opsterlân te ûndersykjen. Dêrop is de inisjatyfgroep Tiny House Opsterlân (yntusken TinySinneblom) mei in foarstel foar in pilot kommen. De gemeente en de inisjatyfgroep wurkje gear om de pilot fan de grûn te krijen.
Wat is in tiny house?
In tiny house is in lytse, folweardige en frijsteande wenning mei in flieroerflak fan maksimaal 50 fjouwerkante meter. It is de bedoeling om in sa lyts mooglike ekologyske foetôfdruk efter te litten. De hûskes wurde faak dan ek boud fan op 'e nij brûkte of ekologyske materialen.
Tiny houses yn Opsterlân
De gemeente is sûnt septimber 2019 yn petear mei de inisjatyfgroep. Sûnt dy tiid binne der al aardich wat stappen set om ta realisaasje fan it projekt te kommen: der is in feriening oprjochte, der is in byldkwaliteitsplan makke, der binne juridyske dokuminten opsteld en de gemeente hat in fergunning ôfjûn foar de earste hûskes. De ferwachting is dat de earste hûskes yn 2024 pleatst wurde.
De wichtichste ôfspraken op in rychje:
- Der wurdt foar in perioade fan 10 jier in stik grûn foar tiny houses beskikber steld yn De Gordyk. It giet om it terrein by de 'miggeswipers' op de hoeke fan Nijlân en Sinneblom (njonken de Wrotterspôle).
- Nei 3 jier sil besletten wurde oft de hûskes nei 10 jier stean bliuwe meie. It giet dus yn earste ynstânsje om tydlike bewenning. De hûskes moatte wol foldwaan oan it permaninte Boubeslút.
- Der is in plan makke foar it terrein. Dit plan is byheakke.
- Der is op it terrein plak foar 7 tiny houses. De inisjatyfgroep wiist de kavels ta.
- De bewenners fan de tiny houses wurde ynwenners fan Opsterlân. Sy krije in adres en skriuwe har dêrop yn.
Renske Holwerda, inisjatyfnimster fan it earste oere: “Tiny houses binne noch in relatyf nij ferskynsel yn Nederlân en in protte gemeenten krije der foar it earst mei te krijen. Dat betsjut in soad útsykjen foar sawol de gemeente as de inisjatyfnimmers. Wy hawwe as inisjatyfgroep de ôfrûne jierren in goed kontakt mei de gemeente krigen en binne bliid mei de noflike gearwurking. Wy hawwe der in soad sin yn om op de Sinneblom te wenjen!”
Mear ynformaasje
Foar de meast aktuele ynformaasje oer it projekt kinne jo terjochte op de webside fan de inisjatyfgroep. As der kavels beskikber binne, wurdt dat ek kommunisearre fia dizze webside. Ek kinne jo de groep folgje op Instagram.
Nijsbrêf
In dokumint downloade en iepenje
Jo kinne in pdf-bestân iepenje yn ferskate PDF-lêzers, lykas Adobe Reader.
