Toeristebelesting
Jo moatte toeristebelesting betelje as jo minsken de gelegenheid biede om tsjin betelling te oernachtsjen. Sokke oernachtings fine foaral plak yn hotels, pensjons, rekreaasjebungalows en op campings. As jo fia Airbnb ferhiere binne jo ek belestingplichtich foar de toeristebelesting. De toeristebelesting mei ferhelle wurde op dejinge dy't by jo oernachtet. Ek as jo de belesting net ferhelje, krije jo in oanslach.

Kosten
De belesting wurdt berekkene oer de omset sa't jo dy trochjouwe oan de gemeente. Jo jouwe elk jier fóór 1 maaie de omset fan it foargeande jier troch oan de gemeente. It taryf bedraacht 2,5% foar oernachting yn ûnderkommens dy't de eksploitant beskikber stelt (bygelyks keamer, chalet, steankaravan) en 5% foar ûnderkommens dy't de gast sels meibringt (bygelyks tinte, karavan).
As gjin opjefte fan de omset trochjûn wurdt, wurdt de belesting berekkene oer de rûsde omset, mei de folgjende minimumbedragen:
Toeristebelesting per stânplak of bêd
- Minikampings (mei maksimaal 15 kampearmiddels) € 25,-
- Bed & Breakfasts € 100,-
- Kampings (mei mear as 15 kampearmiddels) € 50,-
- Groepsakkommodaasjes € 25,-
- Rekreaasjewenten € 200,-
- Hotels € 400,-
- Oare foarmen fan ferbliuw € 100,-
Oanjefte
Daliks regelje
Biede jo minsken de gelegenheid om tsjin betelling te oernachtsjen? Dan moatte jo hjirfoar oanjefte toeristebelesting yndwaan by de gemeente. Folje hjirfoar it formulier 'Oanjefte toeristebelesting' yn (boppe-oan dizze side ûnder de kop 'Daliks regelje').
Byzonderheden
De omset fan it foargeande kalinderjier bepaalt oft jo in definitive oanslach of in foarriedige oanslach krije. Jo ûntfange yn de twadde helte fan it jier in foarriedige oanslach op basis fan 50% fan de omset as it belestingbedrach mear as € 5.000,- bedraacht. Yn it jier dêrop ûntfange jo de definitive oanslach. Is it belestingbedrach leger, dan ûntfange jo itselde jier noch in definitive oanslach.
Meldingsplicht
Biede jo foar de earste kear minsken de gelegenheid om tsjin betelling te oernachtsjen? Dan hawwe jo in meldingsplicht en moatte jo dit melde oan de gemeente.
Daliks regelje
Wolle jo in (nije) oernachtingslokaasje oanmelde by de gemeente? Folje hjirfoar it formulier 'Oanmelde nije oernachtingslokaasje' yn (boppe-oan dizze side ûnder de kop 'Daliks regelje').
