Utsteld: Wurksumheden Binnenwei yn Hemrik

Dit is in âld berjocht.

De Binnenwei yn Hemrik is dit foarjier tydlik ôfsletten fanwege wurksumheden. Hâld rekken mei omriden.

UPDATE: Utstel asfaltwurksumheden Binnenwei Hemrik - As gefolch fan de waarsferwachting binne de plande asfaltwurksumheden op de Binnenwei yn Hemrik útsteld. De ôfsluting dy't pland stie foar moandei 15 desimber en tiisdei 16 desimber giet dêrom net troch. Nei ferwachting wurde de wurksumheden yn it foarjier fan 2026 op 'e nij ynpland.

Fan moandei 15 oant en mei freed 19 desimber binne der wurksumheden oan de Binnenwei yn Hemrik. It giet om it diel fan de wei tusken it Sparjeburd en de krusing mei de Ikesingel.

15 en 16 desimber: de wei is hielendal ticht foar auto’s en oar motorisearre ferkear. Fytsers kinne wol trochride bliuwe.

17, 18 en 19 desimber: de wei is wer iepen. Wol is dan ien rydstripe ôfsletten. Ferkear kin om en om by de wurksumheden lâns.

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Bûtentsjinst