Utkearingen foar statushâlders

Binne jo statushâlder en hawwe jo gjin baan wêrmei't jo yn jo eigen ynkommen foarsjen kinne? Dan hawwe jo wierskynlik rjocht op in bystânsútkearing.

Bystânsútkearing

In bystânsútkearing is in tydlike útkearing fan de gemeente. Dit soarget derfoar dat jo rûnkomme kinne oant jo in betelle baan hawwe dêr't jo yn jo eigen ynkommen mei foarsjen kinne. As jo gebrûk meitsje fan in bystânsútkearing, dan moatte jo der alles oan dwaan om sa gau mooglik in betelle baan te finen. De gemeente helpt jo hjirby. Om't jo statushâlder binne, is dit deselde begelieder as foar jo ynboargering.

Wolle jo bystân oanfreegje? Let dan op it folgjende:

Betingsten

Jo hawwe rjocht op in bystânsútkearing as jo ynkommen en eigen fermogen (en miskien dat fan jo partner mei wa't jo gearwenje) ûnder bystânsnivo lizze. Under eigen fermogen falt net allinnich sparjild. Ek in auto of in hûs wurde bygelyks sjoen as eigen fermogen. Fierder jilde de folgjende betingsten:

  • Jo binne achttjin jier of âlder.
  • Jo wenje yn Nederlân.
  • Jo ûntfange gjin oare útkearing.
  • Jo hearre net by in útsletten groep fan persoanen, lykas finzenen of frjemdlingen dy't net yn Nederlân wenje meie.
  • Foar jongeren ûnder de 27 jilde aparte regels. Mear ynformaasje is te finen op www.werk.nl.

Oanfraach

Jo freegje de bystânsútkearing oan fia www.werk.nl. Tagelyk mei it oanfreegjen fan de útkearing skriuwe jo jo as wurksykjende yn by it UWV Wurkbedriuw. It is wichtich dat jo jo direkt ynskriuwe. De datum fan ynskriuwing is nammentlik fan belang by it fêststellen fan jo rjocht op in útkearing. Krijge jo binnen in wike gjin berjocht fan de gemeente Opsterlân, nim dan kontakt op mei it Publykssintrum fia telefoan (0512) 386 222.

Meinimme

Wy hawwe in tal gegevens fan jo nedich. Sa kinne wy fêststelle oft jo rjocht hawwe op in útkearing. As jo oanfraach binnen is, krije jo in útnûgingsbrief. Yn dizze brief stiet krekt wat jo meimei moatte nimme.

Tips

Sjoch ek ris op www.antwoordopbijstand.nl.

Hawwe jo fûn wat jo sochten?

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Gebietsteam

Gemeente Opsterlân