Fakatuere Frijwillige Enerzjyfiksjer

Binne jo handich, sosjaal en wolle jo wat betsjutte foar oaren yn jo doarp of omjouwing? Wurdt dan enerzjyfiksjer! Tegearre mei in kollega-fiksjer geane jo op paad om ynwenners te helpen harren wenning enerzjysuniger te meitsjen.

Man knipt radiatorfoly

Wat geane jo dwaan?

Jo geane tegearre mei in kollega-fiksjer op paad om ynwenners te stypjen by it enerzjysuniger meitsjen fan harren wenning.

Jo fiere ûnder oare de folgjende enerzjybesparjende putsjes út by minsken thús: 

  • Tochtstrips oanbringe by binnendoarren
  • Radiatorfoly pleatse
  • Gloeilampen ferfange troch ledlampen

Gearwurkje mei oaren 

Jo helpe de bewenner by boppesteande praktyske enerzjybesparjende maatregels wêrmei't se flink besparje kinne op harren enerzjyferbrûk. Dit dogge jo tegearre mei:

  • In frijwillige enerzjycoach út de buert. Tegearre helpe jo de bewenner by enerzjybesparring en enerzjybewustwêzen.
  • De bewenner kin ek oare problemen of soargen by jo uterje. Dizze nimme jo mei nei de koördinator, jo fêste oansprekpunt. De koördinator kin kontakt lizze mei Huurdersbelang of de wenningkorporaasje.

Wa binne jo? 

  • Jo binne handich mei putsjes yn en om it hûs
  • Jo hawwe in iepen, sosjale hâlding en wurkje graach mei minsken
  • Jo binne fleksibel en passe jo maklik oan yn ferskate situaasjes
  • Jo binne betrouber en komme jo ôfspraken nei

Fan wannear ôf? 

Op 23 septimber om 14:00 oere krije jo ta tarieding in training om enerzjyfikser te wurden. De training fynt plak yn de Buorskip, Beetsterzwaag. Fan oktober 2025 ôf fine de earste fiksaksjes plak yn Oerterp en Gordyk. 

Meld jo oan fia energie@opsterland.nl en help mei om minsken yn jo doarp te stypjen by it besparjen op harren enerzjyferbrûk!