Falprevinsjekursus
As jo âlder wurde, rinne jo in heger risiko om te fallen. De measte minsken falle yn of om it hûs hinne. Se binne dan faak lange tiid of sels permanint ôfhinklik fan soarch fan oaren. Fansels wolle wy dat foarkomme!
Gelokkich kinne jo sels in protte dwaan om it risiko op fallen te ferminderjen!
Yn gearwurking mei Sûnenz wurde der wer kursussen foar falprevinsje oanbean. Doch mei oan ús 12-wiken kursussen foar minsken boppe de 65 en wurkje oan jo spierkrêft, lykwicht en koördinaasje tegearre mei fysioterapeuten en sportcoaches yn 'e mienskip.
En it moaiste? Nei de oefeningen kinne jo genietsje fan in lekker bakje kofje en ûnderfiningen diele mei oaren. Besjoch de kursussen hjirûnder en meld jo oan!

Ynformaasje en opjefte
| Praktyk | Start kursus | Lokaasje | Opjefte |
| Medifit Sintrum foar Sport & Fysioterapy | Tiisdei 9 septimber 13.00 oere | Van Lyndenleane 7, Beetsterzwaag | 0512 - 38 39 08 |
| Fysio 0512 | Moandei 15 septimber 10.30 oere | Sportleane 2, Drachten | 0512 - 53 75 06 |
| FysioStaete | Tiisdei 16 septimber 10.00 oere | Weibuorren 14, Oerterp | 0512 - 30 22 56 |
| Fitaal Fysioterapy Drachten | Tiisdei 23 septimber 13.00 oere | Sportleane 1a, Drachten | 0512 - 54 11 58 |
Oanmelde
Oanmelde is ferplichte en kin fia de fysioterapypraktiken. De kosten bedrage €2,00 de les.
Besjoch alle oansletten fysioterapypraktiken op 'e Sunenz-webside. Stiet jo buert of doarp der net op?
Ynformearje dan nei de mooglikheden troch kontakt mei ús op te nimmen fia info@sunenz.nl
Hoe heech is dyn risiko om te fallen?
Test it op www.testjevalrisico.nl
Tink mei!
Hawwe jo ek in goed idee, plan of organisearje jo in evenemint wêrby't jo it belang fan sûnens en libbensstyl beklamje wolle? Lit it ús witte!

