Falprevinsjekursus
As jo âlder wurde, rinne jo mear risiko om te fallen. De measte minsken falle yn of om hûs hinne. Sy binne dan faak foar in lange tiid of sels permanint ôfhinklik fan soarch fan oaren. Dat wolle wy fansels graach foarkomme!
Gelokkich kinne jo sels in soad dwaan om it risiko op fallen te ferlytsjen!
Yn gearwurking mei Sûnens wurde der wer falprevinsjekursussen jûn. Doch mei oan ús 12-wiken kursussen foar 65-plussers en wurk tegearre mei fysioterapeuten en buertsportcoaches oan jo spierkrêft, balâns en koördinaasje.
En it leukste? Nei de oefeningen kinne jo gesellich in kopke kofje drinke en ûnderfinings diele mei oaren. Besjoch ûndersteande kursussen en jou jo op!

Ynformaasje en opjefte
| Praktyk | Start kursus | Lokaasje | Opjefte |
| Medifit Sintrum foar Sport & Fysioterapy | Tiisdei 9 septimber 13.00 oere | Van Lyndenleane 7, Beetsterzwaag | 0512 - 38 39 08 |
| Fysio 0512 | Moandei 15 septimber 10.30 oere | Sportleane 2, Drachten | 0512 - 53 75 06 |
| FysioStaete | Tiisdei 16 septimber 10.00 oere | Weibuorren 14, Oerterp | 0512 - 30 22 56 |
| Fitaal Fysioterapy Drachten | Tiisdei 23 septimber 13.00 oere | Sportleane 1a, Drachten | 0512 - 54 11 58 |
Oanmelde
Oanmelde is ferplichte en kin fia de fysioterapypraktiken. De kosten bedrage €2,00 de les.
Besjoch alle oansletten fysioterapypraktiken op www.sunenz.nl. Stiet jo wyk of doarp der net tusken?
Ynformearje dan nei de mooglikheden troch kontakt op te nimmen fia info@sunenz.nl
Hoe grut is jo kâns op fallen?
Test it op www.testjevalrisico.nl
Falprevinsje flyer
In dokumint downloade en iepenje
Jo kinne in pdf-bestân iepenje yn ferskate PDF-lêzers, lykas Adobe Reader.
Tink mei!
Hawwe jo ek in goed idee, plan of organisearje jo in evenemint wêrby't jo it belang fan sûnens en libbensstyl beklamje wolle? Lit it ús witte!

