Gearkomste fan de gemeenteried op 2 desimber

Dit is in âld berjocht.

De gemeenteried fergadert moandei 2 desimber om 19.30 oere yn de riedsseal fan it gemeentehûs yn Beetsterzwaag.

Wolle jo by de oriïntearjende riedsgearkomste ynsprekke oer ien fan ûndersteande ûnderwerpen? Nim dan op syn lêst op de dei fan de gearkomste foar 12.00 oere kontakt op mei de grifffy.

Ûnderwerpen oriïntearjende riedsgearkomste moandei 2 desimber:

  • Untwerp-VvGB útwreiding Lean- en grûnfersetbedriuw Farskewei 3 Tynje
  • Tariedingkredyt fernijbou Skoalle Lyndensteyn
  • Ferordening útslutend rjocht gemeente Opsterlân 2025
  • Feroardering Hert foar de Jeugd Opsterlân 2025
  • Wiziging legesferoardering 2024
  • Legesferoardering 2025
  • Finansjele feroardering 2024
  • Begruttingwiziging 2024
  • Feroardering ûnreplikguodbelestingen Opsterlân 2025
  • Ferordening rioelheffing Opsterlân 2025
  • Feroardering lykbesoargingsrjochten 2025
  • Ferordening ôffalstoffeheffing en reinigingsrjochten Opsterlân 2025
  • (Wer)beneaming en ûntslach leden Gemeentlike Advyskommisje Omjouwingskwaliteit Fryslân.

Underwerpen beslútfoarmjende riedsgearkomste moandei 16 desimber:

De aginda folget út de oriïntearjende riedsgearkomste fan 2 desimber en sil bestean út hammer- en besprekstikken. Oer de hammerstikken giet de ried net mear yn debat, hjir wurdt allinnich noch oer stimd. Oer de besprekstikken sil de ried noch wol debattearje foardat der stimd wurdt.

Mear ynformaasje, lykas de gearkomstestikken en de live-útstjoering, fine jo op de gemeentewebside: opsterland.nl/raadsvergaderingen. Jo kinne ek kontakt opnimme mei de grifffy, berikber op wurkdagen fia telefoan (0512) 386 333 en e-mail griffie@opsterland.nl. . 

Mear ynformaasje?

Hawwe jo noch fragen?

Nim dan kontakt op mei it Publykssintrum

Gemeente Opsterlân