Ferkiezing moaiste (fer)bouprojekt
Wy organisearje in ferkiezing foar it moaiste bou- of ferbouprojekt yn Opsterlân. Jo kinne stimme op in ûntwerp dat neffens jo wat moais tafoeget oan ús doarpen. Dat kin in wenhûs wêze, in bedriuwspân of sels in lyts gebou lykas in trafohûske.
In moaie omjouwing
Yn Opsterlân wurdt der geregeld boud. By elk bouprojekt wurde karren makke dy't ynfloed hawwe op hoe't it gebou derút sjocht. Wy wolle mei dizze ferkiezing ynwenners én ûntwerpers ynspirearje om dêrby ek goed nei te tinken oer skientme en hoe't in ûntwerp past binnen de omjouwing. Troch goede foarbylden yn it fuotljocht te setten, wolle wy by takomstige projekten stimulearje krekt sa soarchfâldich en kreatyf te wurk te gean.
Hoe wurket it?
- Alle ynwenners koene oant en mei 23 juny in projekt nominearje.
- De seleksjekommisje kiest de moaiste ynstjoerings.
- Fan 8 july oant 25 augustus kinne jo op jo favorite ynstjoering stimme fia: stemvan.opsterland.nl
- Begjin septimber meitsje wy de winner feestlik bekend.
Bring jo stim út


Mei dizze ferkiezing wolle we sjen litte dat moaie gebouwen wichtich binne foar de útstrieling fan ús doarpen. In goed ûntwerp makket minsken grutsk op harren omjouwing en soarget foar in noflik plak om te wenjen, wurkjen en libjen.