Ynformaasje yn ienfâldige taal

Dit is in âld berjocht.

Hawwe jo muoite mei lêzen en skriuwen? Of snappe jo de ynformaasje oer de ferkiezings net hielendal? ProDemos makke mei de Stichting Lêzen & Skriuwen in ferkiezingskrante yn ienfâldige taal. Gjin drege wurden en lange sinnen, wol in protte plaatsjes en dúdlike útlis.

Ferkiezingskrante yn gewoane taal

De ferkiezingskrante jout antwurd op de folgjende fragen:

  • Wat docht de provinsje?
  • Wat dogge wetterskippen?
  • Wêrom stimme?
  • Hoe bepale jo op wa't jo stimme sille?
  • Stimme: hoe dogge jo dat?
  • Stimme: wat mei wol en wat mei net?

Fergees ôfhelje of downloade as PDF

Jo kinne in fergese krante ophelje by de bibleteken yn Beetstersweach, De Gordyk en Ureterp. Se binne ek te krijen by de kiosk yn it gemeentehûs. Lêssto leaver digitaal? Jo kinne de krante as PDF downloade. 

Download de krante as PDF 

De Ferkiezingskrante yn gewoane taal. Klik op it plaatsje om de krante as PDF te downloaden.

Filmkes oer de ferkiezings 

Njonken de ferkiezingskrante makke ProDemos ek filmkes oer de ferkiezings. De filmkes lizze hiel dúdlik út hoe't alles wurket. 

1. Stimme: sa dogge jo dat (mei ûndertiteling)

https://www.youtube.com/embed/ryoaUUD1HUk

  2. Stimme: de Provinsjale Steaten útlein (mei ûndertiteling)

https://www.youtube.com/embed/yry5tNSHyj4

3. Stimme: it wetterskip útlein (mei ûndertiteling)

https://www.youtube.com/embed/XlA1VAqL8dk