Ferkiezingsuterings
Doet jo politike partij mei oan de gemeenteriedsferkiezings, dan helpe wy jo graach om jo sichtberens te fergrutsjen. Want jo wolle fansels as partij op safolle mooglik plakken yn Opsterlân sichtber wêze en dat kin.
Ferkiezingsbuorden yn elk doarp
Yn elk doarp wurdt in ferkiezingsboerd pleatst. Dêrop kinne jo in poster en/of pamflet fan jo partij plakke. Wy freegje jo der rekken mei te hâlden dat de romte beheind is. Alle partijen moatte in ridlike mooglikheid krije om op it boerd te affisjearjen, sûnder harren posters oer dy fan de oare partijen hinne te hoegen plakken. Dat betsjut dat ekstreem grutte posters net winsklik binne.
Wy geane derfan út dat jo jo poster en/of pamflet kreas op it boerd sels pleatse en net dêrbûten. Op dy manier kin de kiezer better lêze wêrom't se it rûntsje fan jo partij read meitsje moatte.
Lokaasjes oanplakbuorden ferkiezingsposters
- Bakkefean, Hoeke Mjumsterwei / Nijebuorren (skoalle De Oanrin)
- Beetstersweach, Hoeke Kommisjewei / It Merkelân
- Fryske Peallen, Hoeke Tolheksleane / De Kolk, op it gersfjild by de skoalle
- De Gordyk, Hegedyk foar it begraafplak oer
- De Himrik, Hoeke Binnenwei / Ikesingel
- Jonkerslân, Hoeke Fûgelsang / Jelle Beenenwei
- Langsweagen, Hoeke De Klamp / De Finne, op it gersfjild by de skoalle
- Lippenhuzen, Hoeke De Buorren / Bûkenhage, ter hichte fan de tsjerke
- Lúkswâld, By fiadukt A7
- Nij Beets, Van den Bruggenstrjitte, by skoalle De Jasker
- Olterterp, Aldhôf, by eardere suvelmolkfabryk
- Sigerswâld, Hoeke Foarwurk / Bremerwei (shared space krúspunt)
- Terwispel, Hoeke Kolderfean / Bûtewei / Tolhûsleane
- Tynje, Breewei, by it parkearterrein fan de sportfjilden
- Oerterp, Hoek Weibuorren / De Gilden
- Wynjewâlde, Hoek Merkebuorren / te Nijenhuiswei
Wyldplakken
Us ynwenners wenje net foar neat yn Opsterlân. Sy wenje hjir yn ien fan de protte autentike doarpen. Dy útstrieling wolle wy yn de ferkiezingsperioade ek sa hâlde. Dêrby past it net dat beammen en gemeentlike eigendommen lykas lantearnepeallen en elektrisiteitskasten folplakt wurde mei posters. Om fan ús prachtige bûtenromte genietsje te bliuwen, wolle jo as politike partij fansels net in boete en te boek stean as wyldplakker.
Iepenbiere bûtenromte
Opsterlanners binne grutsk op de griene en alsidige gemeente dêr't se yn wenje en rekreëarje. Yn it bûtengebiet ride 24/7 automobilisten, fytsers, frachtweinen, trekkers ensafier op de protte B-wegen dy't Opsterlân ryk is. Dizze wegen wolle wy yn de ferkiezingsperioade ek feilich hâlde. Wy freegje jo as bewenner yn it bûtengebiet dan ek mei klam dat as jo op jo eigen terrein ferkiezingsuterings pleatse, jo rekken hâlde mei de ferkearsfeiligens om jo eigen terrein hinne, en de reklamebuorden net pleatse yn de buert fan ûnoersichtlike krusings of bochten.
Ferkiezingsreklame op foarwerpen dy't net eigendom fan de gemeente binne
Wolle jo op jo eigen perseel ferkiezingsreklame oanbringe, dat mei. De ferkiezingsreklame mei lykwols yn totaal mar 0,8 m2 grut wêze. Dat is sawat 40 x 20 sm. Yn totaal meie der mar trije posters/reklame-uterings oanbrocht wurde. Op dy manier besykje wy it uterlik oansjen fan de gemeente net te folle te fersmoargjen.
Foar mear details ferwize wy jo nei it Ferkiezingsreklamebelied 2010 (dit kinne jo as PDF downloade ûnder it kopke 'Ferkiezingsreklamebelied')
Ferkiezingsreklamebelied
In dokumint downloade en iepenje
Jo kinne in pdf-bestân iepenje yn ferskate PDF-lêzers, lykas Adobe Reader.
