Ferkiezingsútslach Opsterlân oanpast

Op woansdei 5 novimber 2025 hat it gemeentlik stimburo de ferkiezingsútslach fan Opsterlân oanpast. De Kiesried melde ús dat se ús útslach besjoen hawwe. Se tinke dat wy in flater makke hawwe. Yn stimburo 8 (De Himrik) binne stimmen teld by in kandidaat dêr't gjin stimmen op ferwachte waarden. Der binne gjin stimmen teld by in kandidaat dêr't krekt wol stimmen op ferwachte waarden. It gie dêrby om list 2 (GL/PvdA), de kandidaten 7 (Stultiens, 21 stimmen teld) en 8 (De Hoop, 0 stimmen teld). 

Dêrom hat it gemeentlik stimburo dit ûndersocht. It die bliken dat der yndie in flater makke is yn it proses-ferbaal. 

  • It tal stimmen foar kandidaat 7 fan list 2 moat wêze: 0
  • It tal stimmen foar kandidaat 8 fan list 2 moat wêze: 21

Dêrom is de útslach oanpast. Dit is dien yn in iepenbiere sitting fan it gemeentlik stimburo. Dizze wie op 5 novimber 2025 om 12.00 oere. Jo kinne dit kontrolearje yn de ûndersteande dokuminten.